De Sint-Antoniuskatedraal yn Breda is de oan Antonius fan Padua wijde katedraal fan it bisdom Breda.
Skiednis De katedraal is in saneamde wettersteatstsjerke, in tsjerke dêr't de bou fan foar in grut diel betelle waard troch it Ryk en om dy reden ûnder tafersjoch stie fan 'e yngenieurs fan Wettersteat.
De neoklassistyske tsjerke waard yn 1837 neffens in ûntwerp fan de 'protestanske arsjitekt Pieter Huijsers boud. De trijeskippige halletsjerke wie ornearre as parochytsjerke, mar waard nei de ynfiering fan de biskoplike hierargy yn Nederlân de earste katedraal fan it bisdom. thumb|left|Ynterieur Alhoewol't de arsjitektuer fan de Antoniustsjerke fan heech nivo is, wied er net sa grut en hied er ek net de grandeur fan in katedraal. Doe't de neogoatyske Sint-Barbaratsjerke boud waard, ferlear de Antoniustsjerke de funksje fan katedraal oan 'e monumintalere Barbaratsjerke.
De Barbaratsjerke waard yn it begjin fan de jierren 1970 sletten en ôfbrutsen en as katedraal fungearre doe de letter ek ôfbrutsen Sint-Michaeltsjerke. Sûnt it begjin fan it nije millenium is op oanwizing fan biskop Muskens de Antoniustsjerke wer de katedraal fan it bisdom Breda. Fan 2001 oant 2005 is de katedraal restaurearre.
Ynterieur Yn 'e tsjerke stiet in moaie houten preekstoel fan de Flaamske keunstner Hendrik Peeters-Divoort mei foarstellings út it libben fan de hillige Antonius. Ek it besjen wurdich is it Antonius-alter út 1899, it haadalter út 1888 en de brânskildere ramen.
Oargels It oargel waard troch de Belgyske oargelfamylje Loret boud en yn 1910 yngrypend ferboud troch Michaël Maarschalkerweerd, dy't û.o. in pneumatyske traktuer oanbrocht. Om 1950 hinne feroare de firma Verschueren it ynstrumint. It oargel hat twa manualen, fjirtjin registers en in frij pedaal.
Sûnt 2005 hat de tsjerke in út Londen ôfkomstich twamanualich koeroargel, dat yn 1905 boud waard troch William Hill & Sons. It hat sân registers, in oanhongen pedaal en in mechanyske traktuer.
Keppeling om utens Ynformaasje oargel op de hiemside fan Brabânske oargelkultuer Ofbylden
Keppeling om utens Side bisdom Breda Disposysje oargel Disposysje koeroargel
Kategory:Bouwurk yn Breda Kategory:Katedraal yn Nederlân Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk út 1837 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Breda