Rift in the Sky is in science fiction-roman mei dúdlike fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Spjalt yn 'e Loft". It boek foarmet it trêde en lêste diel fan 'e Stratification-trilogy, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it sechsde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is Rift in the Sky yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it trêde diel. It boek omfiemet de ein fan it ferhaal fan Aryl Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't op 'e planeet Cersi libbet yn 'e tiid dat dy troch de minskheid ûntdutsen wurdt. Rift in the Sky is skreaun yn it personele perspektyf en waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Ynhâld Sjoch foar wat foarôfgie: Reap the Wild Wind, § Ynhâld en Riders of the Storm, § Ynhâld.

Aryl Sarc, har libbenspartner Enris Mendolar (no Enris sud Sarc) en de oare Om'ray-ballingen út Yena en Tuana bouwe fierder oan harren nije libben yn 'e ruïnes fan Sona. Hja siedzje gewaaksen en yrrigearje de fjilden, wêrby't se it wetter op in drege manear fan 'e rivier ôf sjouwe moatte. Aryl is yn ferwachting, en om't it bern yn Sona oanset is en dus "fan Sona" is op in manear sa't de ballingen dat net binne, geane dan de doarren fan 'e 'kleasters' fan Sona iepen foar Aryl. De beide Ynwijden, Oran di Caraat en Hoyon d'sud Gethen, dy't fan Grona nei Sona kommen binne, folgje har nei binnen ta, mar Aryl wol neat mear witte fan 'e ferskillen yn rang tusken de leden fan in Om'ray-clan, en lit alle bewenners fan Sona yn it register fan 'e kleasters ynskriuwe as Ynwijden, sadat tenei eltsenien deselde rjochten hawwe sil. Om't Ynwijden yn 'e Om'ray-maatskippij ûnderskaat wurde troch it foarheaksel di foar de efternamme, komt se dan sels Aryl di Sarc te hjitten, en har 'keazene' wurdt Enris d'sud Sarc.

Underwilens geane yn 'e bergen by Sona de argeologyske opgravings troch dy't de Oud, ien fan 'e oare beide yntelliginte soarten wêzens op 'e planeet Cersi, dêr dogge yn gearwurking mei de bûtenierdske wêzens út it Hannelspakt. Mei yn fan dyselden, in 'Minske' dy't Marcus Bowman hjit, hawwe Aryl en Enris freonskip sletten, en hy hat harren ferteld dat it Hannelspakt heech yn 'e loft 'eagen' hingjen hat, dêr't se mei sjen kinne wat der yn Sona bart. Dat is in probleem as Enris in idee kriget om 'e yrrigaasje fan 'e fjilden te ferbetterjen troch in keardaam yn 'e rivier oan te lizzen. De Om'ray hawwe nammentlik gjin swier materieel om soks te dwaan, mar brûke dêr harren telekinetyske fermogens foar. Om't Marcus harren warskôge hat dat se gjin telekineze of teleportaasje bedriuwe moatte dêr't minsken of oare bûtenierdske wêzens it sjen kinne (om't se dan grif slachtoffer fan eksploitaasje fan dy fermogens wurde sille), freget Enris oan Marcus oft er de 'eagen' yn 'e loft in nacht útskeakelje kin. Marcus stimt dêryn ta, en Enris en guon fan 'e oare Sona mei sterkere telekinetyske fermogens lizze de keardaam oan.

Dêrby puttet Naryn di S'udlaat harsels sa út dat se sûnensswierrichheden kriget. Naryn is hiel apart gefal mank de Sona en alle Om'ray. Hja komt fan Tuana, krekt as Enris, en is bysûnder sterk yn har mentale fermogens. As Kiezer keas hja Enris as libbenspartner, mar dy woe har beslist net hawwe. Ornaris binne ûnKeazenen lykas Enris net by steat om te wegerjen, mar just Enris hie op dat mêd in nij mentaal talint ûntwikkele. Doe't Naryn lykwols ienris keazen hie, koe se har kar net mear ûngedien meitsje, mei as gefolch dat se har ûntjoech ta Keazene sûnder in bân mei in manlike Om'ray oanmakke te hawwen. Om't fuortplanting by de Om'ray net in saak is fan lichaamlike geslachtsmienskip, mar fan it 'keazen-wêzen', wêrby't de geast fan 'e poppe foarme wurdt troch de telepatyske ferminging fan 'e geasten fan 'e âlden, rekke Naryn doe yn ferwachting sûnder dat har bern in geast of siel hie. Dat betsjutte dat de poppe by de berte komme soe te ferstjerren. En it wie noch helte minder, want om't Naryn har bân as Keazene him by gebrek oan in partner ynstee oan it bern fêstmakke, en Keazene Om'ray it ferlies fan harren libbenspartner net oerlibje, soe Naryn by de berte sels ek komme te ferstjerren.

Trochdat Naryn harsels sa útput hat by it oanlizzen fan 'e daam, stiet se op it punt en krij in miskream, wat tagelyk har eigen dea betsjutte soe. Enris, dy't de Om'ray fan Vyna besocht hat, tinkt dat er in oplossing wit. Want hoewol't de Vyna ksenofobe apartelingen binne, hat er by harren sjoen dat de Kiezers mei sin dogge wat Naryn by ûngelok oerkommen is: se meitsje in sielleaze poppe oan dy't se in 'leech fet' neame, dêr't se de opsleine geasten fan ferstoarne Ynwijden yn ynbringe. Enris fûn it in walchlike praktyk, mar om Naryn te rêden is er ree en freegje de Vyna om help. Sadwaande teleportearret er mei Aryl en Naryn nei Vyna ta, mar dêrby ferjit er Aryl earst har embleem as Sprekker fan Sona ôfdwaan te litten. Yn Vyna witte se de lieders om te keapjen mei opslachapparaatsjes dy't yn 'e neite fan 'e kleasters fan Sona fûn binne en dêr't de geasten fan 'e lêste Ynwijden fan it âlde Sona op opslein blike te wêzen. De Vyna bringe de geast fan ien fan dy Ynwijden yn Naryn har poppe yn. It blykt te gean om in frou dy't Anaj hjit, en dy't daliks telepatysk mei de oare Om'ray kommunisearje kin. It gefaar op in miskream is dêrmei ôfkeard, en de dea fan Naryn ek, mei't de Vyna de partnerbân tusken har en har poppe witte te ferbrekken.

Fan 'e oplossing fan 'e iene swierrichheid komt lykwols in oar probleem as de Tikitik, de oare fan 'e beide yntelliginte soarten dêr't de Om'ray harren wrâld mei diele, yn Vyna opdaagjen komme, op 'e nij oanfierd troch de sjamaan Tinzereizger, mei wa't sawol Aryl as Enris al earder gedoente hân hawwe. It docht bliken dat de Tikitik de lokaasje fan 'e emblemen fan 'e Sprekkers gewaarwurde kinne, en Aryl harres wie niiskrekt fan it iene op it oare stuit fan Sona nei Vyna sprongen. Mei esan, harren fleanende lêstdieren, ferfiere de Tikitik de trije Sona-Om'ray nei harren hillige plak Tikitna, dêr't Aryl har foar de lieders fan 'e Tikitik oer ferantwurdzje moat oangeande harren nije talint fan teleportaasje. Dat docht se sa goed dat de Tikitik ûnder de yndruk binne, net inkeld fan har betooch, mar ek fan har fermogen om nije dingen te begripen dy't bûten de belibbingswrâld fan 'e Om'ray lizze. Nei't de Tikitik harren gean litten hawwe, nimt Aryl kontakt op mei Marcus Bowman fia in kommunikaasje-apparaatsje dat de minske har sels jûn hat. Hja freget him om harren mei syn fleanende masine werom te bringen nei Sona, mei't Anaj neat fan teleportaasje witte wol, en de oaren net wis binne wat it nije talint mei de poppe en har ynbrochte geast dwaan soe.

As Marcus arrivearret, kinne Aryl en Enris merke dat er yn noed sit. Hy fertelt harren dat de 'eagen' yn 'e loft dy moarns nea wer oangien binne, wat al moatten hie, en dat er gjin kontakt mear krije kin mei de oare bases fan it Hannelspakt op Cersi. As se oer de basis yn 'e Mar fan Fjoer hinne fleane (dêr't Aryl en Marcus inoar foar it earst moete hawwe), sjogge se dat dy yn 'e brân stiet en Marcus kin der gjin libbenstekens ûntdekke. Marcus syn eigen kamp yn 'e bergen boppe Sona liket ûnoantaaste, mar noch hy, noch Aryl en Enris fertrouwe de saak. Marcus beslút troch te fleanen nei in trêde basis, oarekant de bergen. Dy leit lykwols fier bûten de 'wrâld' sa't de telepatyske Om'ray dy belibje. As Marcus harren te fier meinimt by de oare Om'ray wei, wurde Aryl, Enris en Naryn as sieten se oan in ilestyk dat te fier oprutsen is, fia teleportaasje weromskuord nei Sona ta. Anaj komt dêr neat fan oer, mar foar de Om'ray is dêrmei de wrâld foargoed feroare: want net inkeld Aryl, Enris en Naryn, mar àlle Om'ray op Cersi dy't oer it fermogen ta teleportaasje beskikke, mear as 700, binne op datselde stuit tsjin harren wil nei Sona ta teleportearre. En hoewol't harren bannen mei oare Om'ray net ferbrutsen binne, binne de bannen mei harren oarspronklike clans dat wol: alle teleportearjende Om'ray (dêr't Enris letter de namme M'hiray foar betinkt) hearre no thús yn Sona.

Dat smyt grutte swierrichheden op. Yn it foarste plak kin Sona sa'n grutte groep bewenners noch hielendal net fan iten en oare libbensnedichheden foarsjen. Boppedat binne der trije Sprekkers fan oare Om'ray-clans mank de M'hiray, wêrûnder Aryl har mem, Taisal di Sarc, de Sprekker fan Yena. En de Tikitik, dy't dat oan 'e sprongen fan 'e Sprekkersemblemen fernommen hawwe, binne alhiel net bliid mei de nije ûntwikkeling. Tinzereizger leit oan Aryl út dat sa'n grutte befolkingsferskowing it lykwicht tusken de trije soarten fan Cersi fersteurd hat. De Oud, dy't neat om yndividuën jouwe, mar nammenste mear om it lykwicht, sille op 'e nij Om'ray-clans mei de Tikitik besykje út te wikseljen, wêrby't withoefolle deaden falle sille, krekt as earder yn Tuana (sjoch: Riders of the Storm). Diskear sil dat de ein fan 'e wrâld betsjutte. Mei de Tikitik yn panyk en de Oud yn ûnstjoer beseffe Aryl-en-dy dat de M'hiray harren ôfjaan moatte út 'e bekende wrâld. Dat is de iennichste mooglikheid om 'e oare Om'ray te rêden fan 'e ûndergong. Mar M'hiray kinne net nei in plak ta teleportearje wêrfan't se neat ôfwitte: se moatte der sels ris earder west hawwe, of se moatte in mentaal byld fan sa'n plak oernimme út 'e tinzen fan in oar. Harren hope is datoangeande op Marcus Bowman fêstige, dy't Aryl ferteld hat dat de Om'ray, Tikitik en Oud mar in lyts part fan 'e planeet Cersi bewenje, en dat it oare kant de bergen allegear iepen lân is. Yn tarieding dêrop leare alle M'hiray mei in 'dreamlear'-apparaat dat Marcus in stikmannich dagen lyn by Enris yn 'e hannen drukt hat, yn ien nacht om 'e mienskiplike taal fan it Hannelspakt te sprekken.

As Aryl, Enris en guon oaren Marcus syn kamp trochsykje, ûntdekke se dat alles dêr oer de kop helle is. Dieven hawwe besocht de kostbere argeologyske fynsten út 'e tiid fan 'e Hoveny-beskaving te stellen, mar de Oud hawwe dat mei in soad ferlies fan libben witten foar te kommen. Yn in sydromte fan in Oud-tunnel treffe se de liken oan fan 'e dieven mei dêrby alle doazen mei argeologyske fynsten, dy't Enris foar Marcus yn 'e kleasters yn feilichheid bringt. As koarte tiid letter in romteskip by it kamp lânet, docht bliken dat Marcus yn 'e hannen fallen is fan wat er letter omskriuwe sil as piraten, in begryp dat nij is foar de M'hiray. De piraten binne tarist mei heechtechnologyske wapens, mar blike gjin partij te wêzen foar Yena-Om'ray mei simpele jachtmessen, dy't teleportearje kinne en alhiel gjin skrupules hawwe om 'e fijân fan efteren dea te stekken.

Aryl-en-dy hawwe Marcus befrijd, mar de piraten hawwe him yn 'e tuskentiid martele en net inkeld fysyk, want ûnder harren wie in telepaat dy't Marcus syn tinzen binnenkrongen is en yn syn geast in ravaazje oanrjochte hat op 'e siik nei ynformaasje oer de weardefolle argeologyske skatten dy't by de opgravings op Cersi opdold binne. De nije Ried fan Sona is derfoar om 'e oantinkens fan 'e fluch minder wurdende Marcus te brûken om nei in nije lokaasje op Cersi te teleportearjen, fier fuort fan it gebiet dêr't Oud, Tikitik en Om'ray libje, om dêr in nij bestean op te bouwen. Aryl ferset har der fûleindich tsjin om har freon sa te brûken, mar as Marcus ûntdekt wat der spilet, praat er op Enris en Naryn yn om it àl te dwaan. Hy wit dat er net lang mear te libjen hat, en wol de M'hiray rêde. Naryn kringt dan syn geast binnen en trochsiket syn ûnthâld, en neitiid helpt Aryl him om frede te finen mei de oantinkens oan in plak dêr't er as opslûpen jonge graach komme mocht en de lokkichste tiid fan syn libben hie. As er hielendal yn dy oantinkens opgien is en alhiel gjin besef mear hat fan wat der om him hinne bart, snijt se him mei ien fûle, djippe feech de kiel troch om him út syn lijen te ferlossen.