De Herfoarme tsjerke is it tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Elspeet-Vierhouten yn Elspeet yn de provinsje Gelderlân. De gemeente is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en hat in otterdoksk-grifformearde sinjatuer. Beliedsplan Herfoarme gemeente Elspeet-Vierhouten (PDF)

Skiednis thumb|left|De tsjerke fanút it noardwesten De doarpstsjerke fan Elspeet is in yn de 16e iuw letgoatysk bouwurk mei in trijesidich koer. De ienskippige tsjerke waard yn de 19e iuw ferboud en útwreide yn deselde styl. Yn 1990 binne de dwersskippen nochris fergrutte, sa't it tal sitplakken hjoed-de-dei op 1050 útkomt. It koer fan de tsjerke is wyt bepleistere.

De fúzje fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân brocht lykas op oare plakken in skuorring yn 'e herfoarme gemeente fan Elspeet. In grut diel fan de gemeente gyng net mei en sleat har oan by de Hersteld Herfoarme Tsjerke. Oant de foltôging fan syn nije tsjerke oan 'e Vierhouterweg bleau de Hersteld Herfoarme gemeente gebrûk meitsjen fan de doarpstsjerke.

Ynterieur It ynterieur fan de tsjerke is foar in part 17e-iuwsk. Dat jildt foar de preekstoel, dielen fan de banken en de kroanluchters. In grêfsark stamt út 1612.

Yn 'e toer hingje trije klokken, wêrfanb de âldste yn 1612 getten waard. De twa oare klokken stamme út 1659.Ryksmonuminten, oproppen 10.07.2018

Oargel Op woansdei 19 july 1989 naam de herfoarme tsjerke in nij meganysk piipoargel yn gebrûk, dat boud is troch de firma Hendriksen en Reitsma út Nunspeet. Oarspronklik wiene hja fan doel it ynstrumint achter it 19e-iuwske front fan it oargel fan Henrich Christiaan Haffmans op te bouwen, mar it waard in hiel nij front wêrby't de âlde foarm respektearre waard.Kerk en Orgel, oproppen 10.07.2018

Keppeling om utens Disposysje oargel op de side Kerk en Orgel

Kategory:Bouwurk yn Nunspeet Kategory:Tsjerkegebou yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 19e iuw Kategory:Bouwurk út 1990 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân