Mienskipsskoalle De Legeaën is in basisskoalle yn it doarp Sibrandabuorren. De skoalle ûntstie per 1 augustus 2018 troch in fúzje fan trije eardere basisskoallen: Kristlike Basisskoalle De Reinbôge yn Tersoal, Kristlike Basisskoalle De Twatine yn Gau en Iepenbiere Basisskoalle De Lege Geaën yn Sibrandabuorren. Alle trije doarpsskoallen wiene mei 35, resp. 55 en 35 learlingen nammentlik te lyts wurden om selsstannich fuort te bestean.

Hoewol't De Reinbôge en De Twatine fan protestantsk-kristlike synjatuer wiene en oansletten wiene by it Protestantsk Kristlik Basisûnderwiis Ljouwert (PCBO Ljouwert), resp. de Stichting Palludara yn Snits, en wylst De Lege Geaën in iepenbiere daltonskoalle wie dy't ûnderbrocht wie by de koepelorganisaasje Odysseeskoallen, waard troch de respektivelike bestjoeren dochs besletten ta in fúzje. Mienskipsskoalle De Legeaën waard in 'bysûndere neutrale skoalle', dêr't 'modern ûnderwiis' jûn waard. In 'identiteitskommisje' bûgde him oer de fraach hoe't it kristlike en sekuliere aspekt fan 'e nije skoalle krekt ynfolle wurde moasten.

Mienskipsskoalle De Legeaën krige in nije gebou, dat ferriisde op it terrein by Sporthal It Mingeltsje yn Sibrandabuorren. Mei de bou fan in nije skoalgebou waard op 21 juny 2018 úteinset en yn 't foar rûsde men dat it likernôch oardel jier duorje soe. Sa lang bleaune de âlde skoalgebouwen yn Sibrandabuorren en Gau iepen. De skoalle yn Tersoal gie oan 'e ein fan it skoaljier 2017-2018 al ticht.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Mienskipsskoalle De Legeaën

Kategory:Basisskoalle yn Fryslân Kategory:Sibrandabuorren Kategory:Gau Kategory:Tersoal Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2018