De Sint-Goärtsjerke (Kirche Sankt Goar) is de roomske parochytsjerke yn Lieg yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts (ferbânsgemeente Cochem).
Skiednis De hjoeddeiske tsjerke ferfong yn 1764 in oan 'e lokaal fereare hillige Goär wijde kapel. De bou fan 'e toer folge wat letter yn 1769.
Fanwegen skuorren moast yn 'e 19e iuw in nij ferwulft ynbrocht wurde, it ferwulft fan it koer waard restaurearre.
Yn maart 1945 waard de tsjerke by besjittings rekke op it dak. Dêrby gyngen fiif fan 'e oarspronklike ramen folslein ferlern. In restauraasje fan 'e tsjerke folge nei de kriich.
By de útfiering fan 'e nije liturgyke regels waard yn 'e jierren 1960 in nij folksalter oanlein. De preekstoel en de kommunybank oerlibben de feroarings spitigernôch net, mar it barokke haadalter en in barok sydalter bleane by de fernijings sparre.
De tsjerke krige yn 2006 in nij piipoargel mei 9 registers. It waard boud troch de firma Hardt út Weilmünster.
Yn 'e toer hingje trije klokken, wêrfan de âldste út 1479 stamt. Sawol yn 'e Earste- as yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de twa oare klokken omraand. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne nije klokken getten, dy't troch de boargelike gemeente oan 'e tsjerke skonken binne.Beskriuwing tsjerke op de doarpsside, oproppen 26.06.2018Side parochy
Ofbylden
Keppeling om utens Disposysje oargel op de side fan Hardt-Orgelbou
Kategory:Lieg Kategory:Tsjerkegebou yn Rynlân-Palts Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Trier Kategory:Bouwurk út 1764 Kategory:Bouwurk út 1769