De Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum (Nederlânsk en offisjeel: Christelijke Oranjevereniging van Oosterbierum/Klooster-Lidlum) is de oranjeferiening fan 'e doarpen Easterbierrum en Kleaster-Lidlum, yn 'e noardwesthoeke fan Fryslân. De feriening is û.m. ferantwurdlik foar it jierliks (yn juny) organisearre doarpsfeest fan Easterbierrum.
De Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum waard oprjochte yn 1918. Sadwaande waard op 22 en 23 juny 2018 it hûndertjierrich bestean fan 'e organisaasje fierd, mei in ekstra lang doarpsfeest dat û.m. in keatswedstryd, in bernemerke, in reüny fan âld-doarpsgenoaten en in fergees tagonklik optreden fan DJ M. Bus omfette.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum
Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Fryske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1918 Kategory:Easterbierrum Kategory:Kleaster-Lidlum