<font size="+1"> NFL BasisynformaasjeNamme National Football LeagueStifte 1920Lân Feriene SteatenTal klups 32Titelhâlder Seattle Seahawks (2e titel)Rekôrkampioen Green Bay Packers (13 kear)Webstee NFL De National Football League (NFL) is de grutste profesjonele American footballkompetysje fan de Feriene Steaten. De kompetysje bestiet út 32 teams, ferspraat oer Amerikaanske stêden en regio's.
De NFL bestiet út twa kompetysjes, nammentlik de American Football Conference (AFC) en de National Football Conference (NFC). Eltse kompetysje is fierder ûnderferdield yn fjouwer difyzjes (East, Noard, West en Súd), dy't elk fertsjinwurdige wurde troch fjouwer teams. Yn it reguliere seizoen, meastentiids fan septimber oant desimber, spylje alle teams 17 wedstriden. Oan de ein fan it seizoen spylje de sân bêste teams (de fjouwer difyzjewinners en trije wildcard-teams) fan de twa kompetysjes yn de play-offs. Earst is it wildcardwykein. Dan spylje de wildcardwinners tsjin de nûmers twa, trije en fjouwer fan de kompetysje. De winners fan dy wedstriden spylje tsjin de nûmers ien fan de kompetysje.
De winner fan de AFC spilet dêrnei tsjin de winner fan de NFC yn de NFL-kampioenswedstriid, de Super Bowl. Dizze wedstriid wurdt spile op in yn it foar bepaalde lokaasje, normaalwei in stêd mei in NFL-team. De wike dêrfoar docht in tal selektearre spilers mei oan de Pro Bowl, dy't sûnt 1979 yn Honolulu (Hawaï) spile wurdt.
Ek yn Jeropa wie der in NFL-kompetysje: NFL Jeropa. Yn dizze kompetysje spilen de Jeropeeske American footballklups, lykas de Amsterdam Admirals. Op 29 juny 2007 waard de NFL Jeropa opheft.
Teams Der binne 32 NFL-teams. Eltse klup mei yn it reguliere seizoen in seleksje ha fan op syn meast 53 spilers. Yn tsjinstelling ta de Major League Baseball, Major League Soccer, National Basketball Association en de National Hockey League, hat de NFL gjin Kanadeeske teams, om't dy mei de Canadian Football League harren eigen kompetysje hawwe.
De folgjende teams spylje yn de NFL: American Football ConferenceDifyzjeTeamStadionStêd/gebiet EastBuffalo BillsNew Era FieldOrchard Park (Buffalo)Miami DolphinsHard Rock StadiumMiami Gardens (Miami)New England PatriotsGillette StadiumFoxborough (Massachusetts)New York JetsMetLife StadiumEast Rutherford (New York) NorthBaltimore RavensM&T Bank StadiumBaltimoreCincinnati BengalsPaul Brown StadiumCincinnatiCleveland BrownsFirstEnergy StadiumClevelandPittsburgh SteelersHeinz FieldPittsburgh SouthHouston TexansNRG StadiumHoustonIndianapolis ColtsLucas Oil StadiumIndianapolisJacksonville JaguarsTIAA Bank FieldJacksonvilleTennessee TitansNissan StadiumNashville WestDenver BroncosEmpower Field at Mile HighDenverKansas City ChiefsArrowhead StadiumKansas CityLas Vegas RaidersAllegiant StadiumOaklandLos Angeles ChargersDignity Health Sports ParkCarsonNational Football ConferenceDifyzjeTeamStadionStêd/gebiet EastDallas CowboysAT&T StadiumArlington (Dallas)New York GiantsMetLife StadiumEast Rutherford (New York)Philadelphia EaglesLincoln Financial FieldPhiladelphiaWashington CommandersFedEx FieldLandover (Washington) NorthChicago BearsSoldier FieldChicagoDetroit LionsFord FieldDetroitGreen Bay PackersLambeau FieldGreen BayMinnesota VikingsU.S. Bank StadiumMinneapolis SouthAtlanta FalconsMercedes-Benz StadiumAtlantaCarolina PanthersBank of America StadiumCharlotteNew Orleans SaintsMercedes-Benz SuperdomeNew OrleansTampa Bay BuccaneersRaymond James StadiumTampa WestArizona CardinalsState Farm StadiumGlendale (Phoenix)Los Angeles RamsLos Angeles Memorial ColiseumLos AngelesSan Francisco 49ersLevi's StadiumSanta Clara (San Francisco)Seattle SeahawksCenturyLink FieldSeattle
Measte titels Rekôrkampioen is Green Bay Packers mei trettjin NFL-titels, folge troch Chicago Bears en New York Giants, mei respektyflik njoggen en acht titels.
Kategory:Amerikaansk sportbûn Kategory:Amerikaansk fuotbal yn de Feriene Steaten Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1920