Carles Puigdemont i Casamajó (IFA /'karɫəs pudʒðəˈmon i kazəmə'ʒo/) (Amer, 29 desimber 1962) is in Katalaansk politikus. Fan 1 july 2011 oant 10 jannewaris 2016 wie er boargemaster fan Girona. Op 10 jannewaris waard er ferkeazen as 130e presideint fan de Generaliteit fan Kataloanje, it regionale regear fan Kataloanje. Op 27 oktober 2017 liet er it Katalaanske parlemint de ûnôfhinklikens fan Kataloanje útroppe."Carles Puigdemont i Casamajó", Gran Enciclopèdia Catalana, 2016Hco, "De man die Catalonië onafhankelijk moet maken (en Artur Mas doen vergeten)", yn De Standaard, 11 jannewaris 2016 Dyselde dei waard er troch it Spaanske regear út syn amt setten.Keninklik beslút 942/2017 fan 27 oktober 2017, BOE 2017/261, p. 103562-103563.
Biografie Puigdemont is berne op 29 desimber 1962 yn Amer (Kataloanje). Hy is de twadde fan de acht bern fan Xavier Puigdemont en Núria Casamajó, in famylje fan banketbakkers. Hy begûn in oplieding oer de Katalaanske filology oan de Universiteit fan Girona, dy't doe noch in filiaal wie fan de Universiteit fan Barselona mei as namme col·legi universitari de Girona. Hy makke dy stúdzje net ôf. Syn oerpake en ien fan syn omkes hawwe noch boargemaster fan Amer west.David Céspedes, "Qui és Carles Puigdemont?", yn: Diari de Girona, 10 jannewaris 2016 Puigdemont wennet yn Girona.
Puigdemont, sjoernalist fan berop, wie haadredakteur fan El Punt, de krante dêr't er yn 1981 begûn, en hy skreaun foar it wykblêd Presència. Fan 1999 oant 2002 wie er de earste direkteur fan it parse-agintskip Agència Catalana de Notícies. Hy wie ek direkteur-generaal fan Catalonia Today, in Ingelsktalige Katalaanske krante. Puigdemont is de skriuwer fan it essay Cata… què? Catalunya vista per la premsa internacional (frij oerset: "Kata… wat? Kataloanje yn de eagen fan de ynternasjonale parse).Carles Puigdemont, Cata… què? Catalunya vista per la premsa internacional, Barselona, La Campana, 1994 (2de druk), 188 bls., ISBN 84-86491-88-6 Ek skreaun er essays oer kommunikaasje, ynformaasje- en ynternettechnology en skriuwt er geregeld yn de media. Puigdemont is lid fan de Katalaanske Sjoernalisteferiening.
Puigdemont, earder aksjefierder fan Crida a la Solidaritat en Defensa de la Llengua, la Cultura i la Nació CatalanesDolça Catalunya, "La risa floja: Cucurull revela sus últimos descubrimientos históricos", 3 septimber 2016 (Oprop ta solidariteit foar de ferdigening fan de Katalaanske taal, kultuer en naasje), waard ek lid fan de Katalaanske Nasjonalistyske Jeugd, dy't er yn de comarca's yn it gebiet fan Girona tegearre mei Pere Casals opsette.Perfil de Carles Puigdemont. CiU Girona.
Op 9 jannewaris 2016 waard er troch parlemintsfoarsitster Carme Forcadell foardroegen as presidint fan de GeneraliteitNiels Posthumus, "Puigdemont benoemd als nieuwe Catalaanse leider", NRC, 10 jannewaris 2016 en op 10 jannewaris mei sântich stimmen foar (Junts pel Sí en CUP"Acord entre Junts pel Sí i la CUP Carles Puigdemont de president i canvis en el grup de la CUP", 324, 9 jannewaris 2016) en trijensechstich tsjin (PSC, PP, Catalunya Sí que es Pot en Ciutadans). Op de falreep kaam it ta in akkoart, doe't de foarrige presidint, Artur Mas, tsjin wa't de CUP in veto útbrocht, syn kandidatuer weromluts.Jules Seegers, "Boegbeeld Catalaans nationalisme treedt af. De pro-afscheidingspartijen van Catalonië voorkomen nieuwe regionale verkiezingen.", NRC, 9 jannewaris 2016 Sûnder dat akkoart hienen neffens de wet nije ferkiezingen útskreaun wurde moatten.Joan Rusiñol, "Puigdemont entoma el repte de culminar el procés independentista", Ara, 11 januari 2016
Striid om ûnôfhinklikens Kataloanje Op 1 oktober 2017 hold Kataloanje in (neffens de Spaanske grûnwet ûnwettich) referindum oer ûnôfhinklikens en op 27 oktober 2017 rôp it Katalaanske parlemint de ûnôfhinklikens út. Op dyselde dei waarden Puigdemont en syn regear út harren amt set troch it Spaanske regear.Keninklike besluten 942/2017 en 943/2017 fan 27 oktober 2017, BOE 2017/261, p. 103562-103565.Vice-president neemt taken van de Catalaanse president over, NOS 28 oktober 2017 De taken fan presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje waarden oernommen troch Mariano Rajoy en delegearre oan fise-premier Soraya Sáenz de Santamaría.Keninklik beslút 944/2017 fan 27 oktober 2017, BOE 2017/261, p. 103545-103557; Rajoy delega en Soraya Sáenz de Santamaría la Presidencia de la Generalitat, El Mundo 28 oktober 2017 Op 30 oktober 2017 flechte Puigdemont nei België ta, dêr't er de Belgyske abbekaat Paul Bekaert ûnder de earm naam.De Standaard, Belgische advocaat door Puigdemont aangesteld als raadsman, 31 oktober 2017 It Spaanske parket wol Puigdemont ferfolgje foar rebelly, it misbrûk fan oerheidsjild en stokeljen. Dêrom frege Spanje fia in Jeropeesk oanhâldingsmandaat om syn útlevering, maar dat waard op 5 desimber 2017 ynlutsen.De Standaard, Het Spaanse parket vraagt een internationaal aanhoudingsbevel voor Puigdemont, 2 novimber 2017 Op 21 desimber 2017 waard Puigdemont werkeazen ta parlemintslid yn it Katalaanske parlemint, nei't Spanje nije regioferkiezingen útskreaun hie. Op 1 maart 2018 seach Puigdemont ôf fan syn kandidatuer foar presidint en wiisde er Jordi Sànchez oan as kandidaat.
Op 23 maart 2018 waard in nij Jeropeesk arrestaasjebefal útfeardige, wylst er op dat momint yn Finlân wie. Op de weromreis nei België ta waard er yn Dútslân arrestearre op 25 maart 2018 nei it krúsjen fan de Deensk-Dútske grins.
Persoanlik libben Puigdemont is troud mei Marcela Topor. Sy ha twa dochters.
Kategory:Spaansk sjoernalist Kategory:Spaansk politikus Kategory:Spaansk boargemaster Kategory:Spaansk balling Kategory:Presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje Kategory:Katalaansk nasjonalist Kategory:Persoan berne yn 1962