Ronald Peter de Graaf (Hurdegaryp, 23 april 1961) is in Nederlânsk histoarikus.
De Graaf wie skiednisdosint oan it Ichthus Kolleezje yn Veenendaal en it Lodesteijn Kolleezje yn Kesteren. Hy is learare-oplieder yn it fak skiednis oan de Kristlike Hegeskoalle Ede.
Hy waard bekend fan syn proefskrift Oorlog om Holland 1000-1375, dêr't er de oarloggen yn detail yn beskreau dy't it Greefskip Hollân yn de earste 375 jier fan syn bestean fierde. Dêrnei promovearre er yn de (militêre) skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins.
De Graaf is troud en hat trije dochters.
Publikaasjes Oorlog om Holland 1000-1375 (proefskrift) (1996)https://research.rug.nl/en/publications/oorlog-om-holland-1000-1375 Oorlog, mijn arme schapen, een andere kijk op de Tachtigjarige Oorlog 1565-1648 (2004). De waarheid over Floris 1500-1535 (2004) Bijzonder onderwijs. Christelijk geloof in de dagelijkse praktijk van basis en voortgezet onderwijs (redaksje, teffens fjouwer haadstikken) (2006)
Keppelingen om utens De Graaf op Schrijversinfo.nl Profyl op DNGB
Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn Hurdegaryp Kategory:Persoan berne yn 1961