De Singelbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Singelbrug) is in brêge yn 'e Fryske stêd Harns. It is in mei bomen ôfslútbere ophelbrêge oer de Noardeastersingel, dy't de strjitten Frjentsjerterein en Noarderkade mei-inoar ferbynt. De brêge waard yn 1908 oanlein troch de firma W.F. Penning út Kampen, en hat de status fan ryksmonumint. Bûten Harns is de Singelbrêge benammen bekend om't er oan 'e Alvestêderûte leit. __TOC__ Skaaimerken De Singelbrêge is in ophelbrêge dy't mei bomen ôfslútber is. De fal, it middelste part fan 'e brêge dat iepen kin, bestiet út lizzers fan walst balkstiel, belein mei in houten dek. De boppebou bestiet út oaninoar klonken gearstalde lizzers. De oanbrêgen (de dielen oan wjerskanten fan 'e fal dy't net iepen kinne) hawwe mitsele, mei betonspeesje oansmarde, ienfâldich profilearre bôgen dy't oergeane yn in houten beskoeiïng. Yn 'e izerne balustrade, dy't in strak Jugendstil-motyf hat, binne oan eltse sydkant fan 'e brêge twa getten izerne lantearnepeallen mei blommemotiven opnommen.

Fernijing De Singelbrêge waard op 9 oktober 2017 fan 't plak helle foar in yngeande restauraasje. Dat waard dien yn opdracht fan 'e Harnzer Monumintestifting. De grutte dielen, lykas de balâns, it brêgedek en de hamei, koene nei it fuortheljen fan roast werompleatst wurde. In protte klinkneils moasten ferfongen wurde. Ynstek fan it projekt wie om 'e brêge safolle mooglik yn âlde steat te behâlden.

Mei subsydzje fan 'e Gemeente Harns en de Provinsje Fryslân en troch finansjele stipe fan in grut tal partikuliere stiftings wie it mooglik om 'e restauraasje te bekostjen, net inkeld dy fan 'e Singelbrêge, mar ek dy fan 'e deunby sitewearre Frjentsjertereinsbrêge (yn 2016) en Easterbrêge (yn 2017). De Singelbrêge waard ein maaie 2018 wer op syn plak set, wêrnei't noch in pear wiken fan ôfstellen en testen folgen. Op 18 juny waard er wer iepene foar ferkear.

Kategory:Bouwurk yn Harns Kategory:Brêge yn Harns (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Harns (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1908