The Others is in romansearje dy't ta it sjenre fan 'e fantasy heart, en dy't skreaun is troch de Amerikaanske auteur Anne Bishop. De titel betsjut: "De Oaren". De searje ferskynt by de New Yorkske útjouwerij Roc Books, dy't it earste diel, Written in Red, yn 2013 publisearre. De boeken binne skreaun yn it personele perspektyf en fertelle it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl siket by de eangstoanjeiende foarmferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'.
Boeken 2013 – Written in Red (oerset nei it Nederlânsk as Rode Letters; fertaalster: Willeke Lempens; publ. 2015 by De Fontein, Utert) 2014 – Murder of Crows (oerset nei it Nederlânsk as Zwarte Veren; fertaalster: Valérie Janssen; publ. 2015 by De Fontein, Utert) 2015 – Vision in Silver (oerset nei it Nederlânsk as Zilveren Zicht; fertaalster: Valérie Janssen; publ. 2016 by De Fontein, Utert) 2016 – Marked in Flesh (oerset nei it Nederlânsk as Grijze Ogen; fertaalster: Valérie Janssen; publ. 2016 by De Fontein, Utert) 2017 – Etched in Bone (oerset nei it Nederlânsk as Witte Kaarten; fertaalster: Valérie Janssen; publ. 2017 by De Fontein, Utert) net ûnderdiel fan 'e searje, mar spyljend yn deselde wrâld: 2018 – Lake Silence 2019 – Wild Country 2022 – Crowbones 2022 – The Dark Ship (koart ferhaal, pulbisearre yn 'e blomlêzing Heroic Hearts)
Setting The Others spilet yn in wrâld dy't dield wurdt troch twa yntelliginte soarten wêzens: de minsken en de 'Oaren'. De Oaren binne stalwikselders, dy't in diel fan 'e tiid in beskate bistefoarm hawwe, en in oar diel fan 'e tiid in minsklik stal brûke. Der binne ferskate soarten Oaren, dy't foar it meastepart yndield wurde yn kloften dy't gards hjitte, nei harren bistefoarm: Wolven, Bearen, Coyotes, Poema's, Liuwen, Haaien, Earnen, Hauken, Ulen, Krieën, ensfh. Fierders binne der noch inkele minder maklik yn te dielen soarten Oaren, lykas de Sanguinati, dat fampieren binne, en de elemintêre ierdgeasten, dy't macht hawwe oer de jiertiden en it waar.
Oars as op de oare wrâlddielen it gefal is, kamen minsken op it westlike kontinint Thaisia fan natuere net foar. Doe't hja besochten om dat te kolonisearjen, stiene de Oaren dy't dêr libben dat ta om't it ark en reau dat de minsken útfûn hiene, harren fan pas kaam. De minsken op Thaisia binne lykwols foar it meastepart noch altyd konsintrearre yn in stikmannich stêden dy't as enklaves mank it wyldlân lizze dêr't de Oaren libje. Alle lân yn Thaisia is eigendom fan 'e Oaren, en de minsklike stedsbewenners moatte harren sadwaande hier betelje. Op elts stuit dat sy dat wolle, kinne de Oaren op Thaisia in stêd fan 'e bûtenwrâld ôfslute.
In protte minsken fine dy sitewaasje net noflik, en der bestiet mank de minsken dan ek in grutte eangstme foar de Oaren, dy't him uteret yn minachting en bytiden omslacht yn haat. Om 'e minsken yn 'e rekken te hâlden, en teffens om minsklike produkten keapje te kinnen dêr't de Oaren oan ferslingere rekke binne (lykas tillefyzjes, kompjûters, films, boeken, ensfh.), hawwe de Oaren yn eltse stêd yn Thaisia in 'binnenplak' opset: in hektares grut stik wyldernis midden yn 'e stêd dêr't in pear hûndert fan harren tahâlde as in soarte fan ambassade. Sokke binnenplakken wurde rund troch ien beskate groep fan 'e Oaren. Yn 'e stêd Lakeside, yn it noardeasten fan Thaisia, is it binnenplak op 'e noed fan 'e Wolven, hoewol't der ek tsientallen Hauken, Krieën, Ulen en Sanguinati, in Bear, in Prêrjewolf, en guon elemintêre ierdgeasten tahâlde.
Ynhâld Meg Corbyn is in cassandra sangue, in bloedprofetesse, dy't, as der yn har hûd snien wurdt, foarsizzings docht dy't altyd betrouber binne, hoewol't men (as dat nedich is) maatregels nimme kin om derfoar te soargjen dat se net útkomme. Om't bloedprofetessen faak ferslave reitsje oan it gefoel fan eufory dat se fiele as se in foarsizzing dogge, en om't se (sa wurdt sein) sljochtsinnich reitsje troch it dwaan fan tefolle foarsizzings, is der in bepaling yn 'e minsklike wet opnommen dy't yn harren gefal in "barmhertich eigendom" tastiet. De maatskippij wit net better as bloedprofetessen liede in luzelibbentsje frij fan soargen yn spesjale ynstellings dêr't se op treflike wize bepopke en fersoarge wurde. Yn wurklikheid binne sokke tehuzen jildmasines fan 'e eigners, dy't de foarsizzings fan harren profetessen foar grou jild ferkeapje. Eltse foarm fan tsjinakseljen troch de froulju wurdt beäntwurde mei gewelddieldige bestraffings, wylst de profetessen bleatsteane oan seksueel misbrûk en oare foarmen fan mishanneling troch harren manlike fersoargers.
Ien fan 'e meast útsochte bestraffings is om 'e profetesse te kneveljen foar't der yn har hûd snien wurdt, sadat se de foarsizzing net útsprekke kin. Yn sa'n gefal is der gjin eufory, mar inkeld in helske pine. Om it noch slimmer te meitsjen wurdt der dan troch de groeden fan eardere sneden hinne snien, mei as gefolch dat de bylden fan ferskate profesijen har ferminge, wat in profetesse geastlik stikkenmeitsje kin. Wat de fersoargers net witte, is dat de profetessen, dy't harren foarsizzings net ûnthâlde kinne as se se útsprekke, der wol oantinzen fan oanmeitsje as harren dat útsprekken belet wurdt. En as der troch groeden hinne snien wurdt, kombinearje de bylden har soms ta nije foarsizzings dêr't de profetesse wat oan hat.
In jonge profetesse, cs759, sjocht op dy manear dat se út 'e ynstelling fan har eigner ûntsnapt. Om't har foarsizzings altyd betrouber binne, fynt se de moed om út te naaien sa't se sjoen hat dat se dwaan soe. Dêrnei nimt se de namme Meg Corbyn oan. Nei in lange reis befynt se har jûns let as der in sniestoarm oer it lân giselet, yn in ûnbekende stêd, krekt sa't se sjoen hie, dêr't se yn in boekhannel in man treft dy't se ek al sjoen hie. It blykt Simon Wolfgard te wêzen, de lieder fan it binnenplak yn Lakeside. Syn beslissing om 'e jonge frou, dy't om slutingstiid hinne yn fierstente tinne klean syn winkel binnenkomt, in sliepplak yn it binnenplak te jaan, sil gefolgen hawwe dy't noch de minsken, noch de Oaren ea ferwachtsje kinnen hiene.
Haadpersoanen minsken yn Lakeside Meg Corbyn, cs759, in jonge bloedprofetesse Darrell Adams, in meiwurker op it konsulaat fan 'e Oaren yn ít binnenplak fan Lakeside Elizabeth Bennefeld, in minsklike fysioterapeute dy't geregeldwei sprekoere hâldt yn in gebou oan it merkplein fan it binnenplak Douglas Burke, de kommandant fan it plysjeburo Chestnut Street yn Lakeside, dêr't it binnenplak fan 'e stêd ûnder falt Asia Crane, in jonge frou dy't yn opdracht fan rike persoanen ynformaasje besiket te krijen oer it binnenplak fan Lakeside en de Oaren dy't dêr libje Michael Debany, in plysjeman yn Lakeside en de wurkpartner fan Lawrence MacDonald Barbara Ellen Debany, ropnamme Barb, syn jonger suster, in feterinêr assistinte Pete Denby, in abbekaat en in freon fan Douglas Burke Eve Denby, syn frou, in leadjitter Robert Denby, syn jonge soan Sarah Denby, syn jonge dochter Chris Fallacaro, in slotmakker, muoikesizzer fan Nadine Fallacaro Nadine Fallacaro, eigneresse fan Nadine's Bakkerij en Kafee Jack Fillmore, de eardere freon fan Theral MacDonald, in stalker Louis Gresh, in plysjeman yn Lakeside; haad fan 'e pleatslike eksplosive-oprommingstsjinst Harry, in meiwurker fan 'e pakkettsjinst Aldendeiske Besoarging Hergott, Ann, ferslachjouster by it pleatslike radiostasjon WZAS Heather Houghton, in winkelbetsjinde yn 'e boekhannel Gûlend Goed Lêsfoer Lorne Kates, dy't yn it binnenplak fan Lakeside de kantoarboekhannel De 3 P's driuwt (papier, post, printing) Karl Kowalski, in plysjeman yn Lakeside en de wurkpartner fan Monty Ruth Stuart, syn ferloofde, in skoaljuffer Merri Lee, in servearster yn it restaurant In Lyts Hapke Domenick Lorenzo, in dokter yn it sikehûs fan Lakeside Lawrence MacDonald, in plysjeman yn Lakeside en de wurkpartner fan Michael Debany Theral MacDonald, syn nicht, op 'e flecht foar in stalkende eks-freon Crispin James Montgomery, byneamd "Monty", in plysjeresjersjeur dy't koartlyn oerpleatst is nei Lakeside út 'e stêd Toland, oan 'e eastkust Twyla Montgomery, syn mem Cyrus James Montgomery (ropnamme Jimmy), syn broer, in gemiene liddichgonger Sierra Montgomery, syn (oannommen) suster, in allinnichsteande mem Bonnie en Carrie, har dochters Franklin Rogers, de boargemaster fan Lakeside, dy't de kant fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging útskaait Kurt Wallace, de kommissaris fan 'e plysje fan Lakeside, lid fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging Wheatley en Zajac, de kommandanten fan it plysjeburo's wêrfan't it wurkgebiet grinzget oan dat fan Chestnut Street
yn Ferryman's Landing en op Great Island Steve Ferryman, de boargemaster fan it Yntuyt-doarp Ferryman's Landing, dat heal op 'e igge fan 'e rivier de Talulah leit en heal op it eilân Great Island, midden yn dy rivier Rachel Ferryman, syn mem Will Ferryman, syn jongere broer, de pleatslike fearman Lucinda Fish, syn muoike Emily Faire, in ferpleechster Roger Czerneda, de pleatslike fjildwachter, yn Ferryman's Landing kommen op foarspraak fan Douglas Burke Mary en Claire Eamer, eigneressen fan Eamer's Bakkerij James Gardner, in boer en in lid fan 'e Simpel Libben-mienskip by Ferryman's Landing Lorna Gardner, syn frou Lois Greene, redaktrise fan 'e krante de Great Island Reporter Margaret Seely en Lara Herrera, útbaatsters fan in bêd en brochje Pam Ireland, in fersoarchster fan 'e bloedprofetessen Jerry Sledgeman, dy't yn Ferryman's Landing in fuormanderij driuwt Penny Sledgeman, syn frou
yn Toland, in stêd oan 'e eastkust Elayne Borden, de eardere freondinne fan Monty Lizzy Borden, harren jonge dochterke Boo Bear, har âlde teddybear Grr Bear, har nije teddybear Celia Borden, har mem, in telch út in foaroansteande famylje Leo Borden, har broer, dy't belutsen is by de Minsken Earst en Lêst-beweging Felix Scaffoldon, in plysjekommandant dy't lid is fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging Nicholas Scratch, in foaroanman fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging, oerkommen út 'e Cel-Romano Alliânsje fan Naasjes oarekant de oseaan; de nije freon fan Elayne Borden
yn Hubbney (eins Hub N.E.), de haadstêd fan 'e regio fan it Noardeasten Patrick Hannigan, de nije gûverneur fan 'e Noardeastlike Regio Greg O'Sullivan, de kommandant fan 'e Undersyks Taakgroep (ITF), in omkesizzer fan gûverneur Hannigan
yn Bennett, yn 'e regio fan it Midwesten David Black, in rancher en de pleatslike lieder fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging
yn Prairie Gold, yn 'e regio fan it Midwesten Jesse Walker, in winkelfrou en de liedster fan 'e Yntuyt-mienskip fan Prairie Gold Tobias Walker, har soan, de foarman op 'e pleatslike ranch Shelley Bookman, de pleatslike bibletekaresse Kelley Burch, de pleatslike goudsmid Abigail Burch, syn frou Tom Garcia, de baas op 'e pleatslike ranch Ellen Garcia, syn frou Phil Mailer, de pleatslike postkantoarhâlder en kranteman Billy Rider, Truman Skye: cowboys op 'e pleatslike ranch Floyd Tanner, de pleatslike slachter
yn Sweetwater, yn 'e regio fan it Noardwesten Hope Wolfsong, cs821, in jonge bloedprofetesse
op oare plakken yn Thaisia Stewart Dixon, in rancher út it Midwesten Jean, cs747, in bloedprofetesse, eigendom fan de Kontroleur Phineas Jones, in ûntfierder en ferkeaper fan jonge bloedprofetessen de Kontroleur, de eardere eigner fan cs759 (Meg Corbyn), dy't út alle macht besiket om syn kostbere besit werom te krijen Mr. Smith, eigner fan in ynstelling fol bloedprofetessen
yn Brittannia, oarekant de oseaan Shamus David Burke, byneamd "Shady" (fan Shay, koart foar Shamus, en D., foar David), in plysjeman en in neef fan Douglas Burke
de Oaren yn it binnenplak fan Lakeside Simon Wolfgard, lieder fan it binnenplak fan Lakeside, de alfa fan 'e Wolveridel dêre, en de eigner fan 'e boekhannel Gûlend Goed Lêsfoer, oan it merkplein fan it binnenplak, dêr't ek minsklike klanten wolkom binne Daphne Wolfgard, syn suster, twa jier lyn fermoarde troch in minsklike slûpskutter