De Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub, better bekend as de Motoralvestêdetocht, is in alvestêdetocht foar motorriders, dy't elts jier holden wurdt op Pinkstermoandei. Dit evenemint wurdt organisearre troch de Fryske Motorklub (Friesche Motorclub), en bestiet al sûnt 1915. It is in 240 km lange toertocht dy't by de Fryske alve stêden lâns liedt, en dêr't elts jier likernôch 3.700 lju oan dielnimme, wêrfan 3.500 op yndividuële motorfytsen. Fierders dogge der ek 100 soleksen en 120 trikes en auto's mei.
De start en de finish binne yn Ljouwert, en de motorriders geane mei de klok mei by de stêden lâns. De stimpelpost yn Starum is inkeld iepen fan 9.00 oant 12.00 oere. Dat dy sa betiid ticht giet, is sadat de Motoralvestêdetocht de Alvestêdetocht op de Fyts net krúst, dy't op deselde dei ferriden wurdt. Krekt as by de reedrydalvestêdetocht is it doel om by de finish in stimpelkaart yn te leverjen dy't yn alle alve stêden ôfstimpele is, wêrnei't de dielnimmer in medalje kriget.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub
Kategory:Alvestêdetocht Kategory:Motorsport Kategory:Evenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1915 Kategory:Evenemint yn Boalsert Kategory:Evenemint yn Dokkum Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Evenemint yn Harns Kategory:Evenemint yn Ljouwert Kategory:Evenemint yn Snits Kategory:Evenemint yn Warkum Kategory:Evenemint yn Drylts Kategory:Evenemint yn Hylpen Kategory:Evenemint yn Sleat Kategory:Evenemint yn Starum