De Plantsoentsjerke yn De Wylp wie oant 2017 in tsjerkegebou fan 'e protestanske gemeente fan De Wylp-Sigerswâld. Sûnt de gearfoeging mei de grifformearden waard it oarspronklik herfoarme gebou oerstallich en dêrom oerdien oan it doarpshûs Op de Welle. It tsjerkegebou is fanwegen it oargel in ryksmonumint.

Skiednis Doe't De Wylp healwei de 19e iuw ûntstie waard der yn 1868 ek in tsjerke boud foar de Herfoarme gemeente.

Yn 2015 fusearren de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Sigerswâld en De Wylp ta de Protestanske gemeente De Wylp-Sigerswâld. Besletten waard om de eardere grifformearde Eastertsjerke oan te hâlden en de Herfoarme tsjerke te ferkeapjen.Gereformeerdekerken.info, oproppen 28.03.2018. Op snein 19 novimber 2017 waard der foar it lêst in tsjinst fierd.Side tsjerklike gemeente

It eastlik oanbuorjende doarpshûs hie te min romte en kocht dêrom de tsjerke fuortendaliks oan. In bysûndere preekstoel en it monumintale oargel bleaune ek nei de ferbou yn 'e tsjerke.RTV Noard

Beskriuwing De sealtsjerke hat oan wjerskanten fiif rûnbôgefinsters, dy't ôfwiksele wurde troch lisenen. Yn 'e foargevel is in lyts roasfinster ynbrocht. It houten tuorke hat in wylp as wynwizer.

Oargel It oargel waard yn 1807 boud troch Johann Michaël Gerstenhauer út Monnickendam foar de minnistetsjerke oan de Peperstrjitte yn Hoarn. It Amsterdamske oargelbedriuw H. Knipscheer & Zn ferhûze it ynstrumint letter yn 'e 19e iuw nei de nije minnistetsjerke oan De Ramen (Hoarn) en wreide it út mei in posityf. Willem Hardorff út Ljouwert boude lang om let it oargel wer yn 1871 yn 'e nije Herfoarme tsjerke fan De Wylp op. Dêrby waard it posityf wer ferwidere. It ienmanualige ynstrumint besit acht registers.Kerk en Orgel, oproppen 28.03.2018Rijksmonumenten.nl, oproppen 28.03.2018

Kategory:De Wylp Kategory:Sigerswâld Kategory:Bouwurk út 1868 Kategory:Tsjerkegebou yn Westerkertier Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân