Koaihuzen is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn de himrik fan Piaam. Koaihuzen leit tusken Skuzum en Gaast, súdlik fan Piaam. Oan de westkant leit de Iselmar. By Koaihuzen lizze twa einekoaien, dêr't de plaknamme fan ôflaat is.

De buorskip bestiet út in fiiftal huzen en pleats dy't ferspraat lizze.

Kategory:Piaam Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân