right|thumb|300px|It momumint foar de hjerringfiskers op Koehoal Koehoal is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke, dy't oant 1984 ta Barradiel hearde en dêrnei oant 2018 ta Frjentsjerteradiel. Koehoal leit oan 'e Waadseedyk benoarden Tsjummearum. It heart ta de himrik fan dat doarp.

By Koehoal oan de seedyk is yn 2004 in brûnzen byld pleatst as oantinken oan de hjerringfiskerij by de Waadkust del. It byld hjit 'De Waadfisker' en is makke troch Frans Ram fan Hegebeintum.

De Stelling Koehoal waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers oanlein as part fan de Atlantikwall. Dy stelling bestie út fjouwer bunkers. Ien bunker is bewarre bleaun en yn 2011 opknapt en iepensteld as in edukaasjesintrum.

Ferskaat It boek "Lette Simmer Op ’t Koehoal"- fan Tjitte Piebenga waard yn 1993 bekroand mei de Rely Jorritsmapriis. Skriuwster Neeltsje Bonnema is berne op 10 juny 1949 op Koehoal.

Kategory:Tsjummearum Kategory:Buorskip yn Barradiel Kategory:Buorskip yn Frjentsjerteradiel Kategory:Buorskip yn De Waadhoeke