De Kleastertsjerke is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Mitselwier-Nijewier. Nei de fúzje fan de herfoarme en grifformearde gemeenten fan Mitselwier en Nijewier op 11 april 2010 bleaune der fan de fjouwer tsjerken twa iepen. Yn beide doarpen wurde om bar tsjerketsjinsten fierd. De tsjinsten yn Nijewier fine yn 'e regel yn it doarpshûs Nij Sion plak.

Beskriuwing De Kleastertsjerke is in yn 1678 fan âld materjaal, kleastermoppen, boude tsjerke. Boppe de noardlike tagong is in gevelstien ynmitsele dy't de bou betinkt. De namme fan de tsjerke ferwiisd nei it kleaster Sion dat eartiids westlik fan Nijewier stie en dêr't it doarp gruttendiels fan wie.

It ienskepige sealtsjerkje hat in trijesidich koer en achter de westlike gevel in mei laaien dutsen dakruter.

Ynrjochting It ynterieur fan de tsjerke wurdt oerkape troch in houten segmintfoarmich ferwulft.

De preekstoel is út 1678, wylst it achterskot en it klankboerd nei alle gedachten út 1817 datearje, doe't de preekstoel fan de súdlike muorre nei it koer ferhûze. Mooglik stamme ek it doophek en de tsjerkebanken út dy tiid.

In 13e-iuwske klok mei in diameter fan 66,5 sintmeter is nei it Frysk Museum oerbrocht. Oargel It ienmanualige oargel waard yn 1818 boud troch Johan Adolf Hillebrand út Ljouwert mar net hielendal ôfmakke; dat hat N.A. Lohman yn 1822 dien.

Boek Oer de skiednis fan de tsjerke waard yn opdracht fan de tsjerkfâlden yn 2004 it boek "Wij zijn maar met weinigen, klein in getal" fan doarpshistoarikus Jan Walda (1934-2022) Deaberjocht op mensenlinq.nl publisearre.Frysk Deiblêd, 05.06.2004

Sjoch ek Rehoboth, Mitselwier Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Nijewier Kategory:Tsjerkegebou yn Dongeradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1678