Aalburch (Nederlânsk en offisjeel: Aalburg) is in eardere gemeente yn de provinsje Noard-Brabân (Lân fan Heusden en Altena) yn Nederlân. De gemeente besloech 53,16 kante kilometer en hie 13.061 ynwenners (30 april 2017, boarne: CBS).
De gemeente ûntstie yn 1973 troch in fúzje fan de gemeenten Wyk en Aalburch, Veen en Eethen en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2019 op mei de eardere gemeenten Werkendam en Woudrichem yn de gemeente Altena.
Doarpen Babyloniënbroek, Drongelen, Eethen, Genderen, Meeuwen, Spijk, Veen en Wijk en Aalburg (gemeentehûs).
Keppeling om utens Gemeente Altena
Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1973 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2018