De Bining wie ien fan de twa PKN-tsjerken yn Easternijtsjerk (gem. Noardeast-Fryslân). De tsjerke waard boud as grifformearde tsjerke fan Easternijtsjerk, dy't yn 2006 fusearre mei de herfoarme gemeente.

Skiednis In heal jier nei de oprjochting fan in grifformearde gemeente waard de nije grifformearde tsjerke op 16 novimber 1890 yn gebrûk nommen. Al oan it begjin fan de 20e iuw moast it gebou fiif meter langer makke wurde, sa't der plak kaam foar it nije oargel. Yn 1939 waard oan de súdwestlike kant in fleugel oanboud. Yn 1951 waard it gebou wer langer makke en ferhuze it lokaal út 1910. De lêste fernijings datearje út 1991.

Yn 2006 fusearre de grifformearde gemeente mei de herfoarme gemeente ta ien PKN-gemeente en krige de tsjerke de namme De Bining. Fanwegen de ôfnimmende tsjerkegong hie de PKN-gemeente gjin ferlet mear fan twa tsjerkegebouwen en waard De Bining yn juny 2020 ôfstjitten. Der wurdt in nije bestimming foar it gebou socht (2021). Jeugd komt niet op zondag,-----. Frysk Deiblêd, s. 8, 8 july 2020

Oargel It earste oargel fan de tsjerke waard troch de firma Standaart út Skiedam boud.standaart-orgels, oproppen 13.03.2018 Fanwegen it waarm stoken fan de tsjerke rûn it Standaard-ynstrumint yn de rin fan de tiid skea op, sadat it yn 1965 ferfongen waard troch it hjoeddeiske ynstrumint fan de firma Reil út Heerde.Kerk en Orgel, oproppen 13.03.2018Side skiednis Grifformearde Tsjerken yn Nederlân 1834-2004

Publikaasje "By it sluten fan de tsjerkedoar… Ferhalen, skiednis en tinzen oer De Grifformearde Tsjerke fan Easternijtsjerk 1890-2020"

Sjoch ek Sesiliatsjerke, Easternijtsjerk Keppeling om utens Disposysje oargel op de side Kerk en Orgel

Kategory:Easternijtsjerk Kategory:Tsjerkegebou yn Dongeradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1890