Ilse Warringa (Dalfsen, 1 juny 1975) is in Nederlânske aktrise en stimaktrise.

Biografy Warringa folge in sang- en keunstnersoplieding oan de ArtEZ hegeskoalle foar de keunsten yn Swol, dêr't hja yn 1998 ôfstudearre. It toanielselskip Stella Den Haag wie ien fan de earste dêr't hja yn spile. Yn 2004 rjochte se mei Lies Visschedijk en Marije Gubbels de toanielgroep Bloody Mary op. Dêr makke se ferskate foarstellingen mei, lykas Visnijd (2006), Hol (2008), Fok (2009), Broeders en zusters (2011), Schraap (2012), Paren (2014) en Selma & Louise (2015) grûnfêste op Thelma & Louise.

Yn tsjinst fan de NTR die se fan 2005 ôf oan mei oan Het Klokhuis en de rige koartswilige edukative telefyzjesearjes Welkom in de Gouden Eeuw, Welkom in de IJzeren Eeuw, Welkom bij de Romeinen en Welkom in de jaren 60.LinkedIn (deade kepp.)

Yn 2006 sette se út ein as stimaktrise mei de animaasjesearje Winx Club fan Nickelodeon. Teffens spile se yn ferskate telefyzjeprogrammas, ûnder oare yn Budget TV, Mag ik u kussen? en De Grote Improvisatieshow.

Yn 2018 spile Warringa de haadrol Juffrou Ank yn de NPO 3-komedysearje De Luizenmoeder, dy't hja tegearre mei Diederik Ebbinge skreau. Yn augustus fan dat jier hie se in gastrol yn De Film fan Dylan Haegens. Fan 2018 ôf is Warringa te sjen yn it persiflaazjeprogramma De TV Kantine.

Filmografy Films 2011: Webcam as frou yn bar 2016: Rokjesdag as resepsjoniste 2016: Onze Jongens as Monique 2017: Ron Goossens, Low Budget Stuntman as Jolanda 2017: Coco as Mamá Imelda (Nederlânske ferzje) 2017: Gek van geluk as bakkersfrou Chantal 2018: Hotel Transylvania 3 as Kapitein Ericka (Nederlânske ferzje) 2018: De Film van Dylan Haegens as Gerry 2018: The Grinch as Donna Lou (Nederlânske ferzje) 2018: Superjuffie as kat (stim) 2018: Heinz as Dolly 2019: Het irritante eiland as Wilma 2019: Hiernamaals as muoike Merie 2020: Kruimeltje en de strijd om de goudmijn as Trix 2020: De piraten van hiernaast as yntersedint

Telefyzjerigen 2006-2011: Winx Club as Icy (Nederlânske útfiering) 2011-2016: Toren C as Irene van der Horst (23 ôfleveringen) 2012: De Groote Markt 30 as Hanna 2012: Welkom in de Gouden Eeuw, ferskate rollen 2014: A'dam - E.V.A. as Dorien Kloosterboer 2014: Welkom bij de Romeinen, ferskate rollen (6 ôfleveringen) 2014-no: Het Klokhuis ferskate rollen 2015: Het geheim van Eyck as Dr. Mosselman (40 ôfleveringen) 2017: B.A.B.S. as mem fan Tessa 2017: Vechtershart 2017: Soof: Een nieuw begin as mem Sterre 2018 - no: De Luizenmoeder as Juf Ank 2018: De TV Kantine as Ilse DeLange 2021: Nieuw zeer

Telefyzjereklame Rabobank LOI De Meisjes van Verkade

Teäter 1999: Ontz 1999: De passie van Lucas 1999: Joris en de draak 2000: No Milk Today 2001: Feest! 2002: Paardenbrokken 2002: Het jaar van de haas 2003: Assepoes 2005: Minority-people 2005: Waarom vloog je van ons heen in je jetplane? 2005: Maison Belge 2005: De nieuwen 2006: De hik op zaterdag 2006: Visnijd 2007: De hompelaar 2007: In de nesten 2008: Hol 2008: Geen bijen geen fruit 2008: De koning en de rest 2009: Fok 2010: Shaffy voor kinderen 2010: Nest 2010: A Christmas Carol 2011: De grote improvisatie show (mei Tijl Beckand en Ruben van der Meer) 2011: Broeders en zusters 2012: Een engel met vieze voeten 2012: Schraap 2013: Nest, tafel en bed 2013: Vuil water 2013: Tijl Uilenspiegel 2013: De postbode en de engel 2014: Paren 2014: Sissi 2015: Selma & Louise 2015: Paartjes (mei Niek Barendsen) 2016: Mariken 2016: Popje hou je muil 2019: Single Camping (mei û.o. Tjitske Reidinga en Rop Verheijen) 2019: The Christmas Show: Doornroosje en de Kerstprins (mei û.o. Famke Louise en Buddy Vedder)

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:NTR-wurknimmer Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1975