De barchjeblom (Iris pseudacorus) is in 80 sm oant ien meter hege ouwerplant fan swiet, stilsteand of stadich streamend wetter. De plant groeit yn ûndjip wetter dat oant sawat 30 sm djip is. De plant wurdt ek wol bargeblom, bargesnyl, earrebarreblom earrebarresnyl en floddermûtse neamd.

Beskriuwing De lange, smelle blêden hawwe in wat opsteande middennerf en bliuwe it hiele jier grien.

De blommen binne fan maaie oant juny te sjen en binne 5 oant 12 sm yn trochsneed. De blom hat in grut grien skutblêd, trije grutte ôfhingjende blomdekslippen, en trije lytsere kroanblêden. Nei de bloei sitte de siedden as in rôltsje munten opinoar steapele yn trijekantige sieddoazen (barchjes). Dizze befetsje loftholten wêrtroch't se driuwen bliuwe. Bern boartsje faak mei de fruchten troch der lúsjefersprikjes yn te stekken om sa bisten út te byldzjen.

Fersprieding Yn Fryslân is de barchjeblom in bekende plant by sleatten lâns en op oare sompige plakken mei ûndjip wetter. It oantal planten rûn ein 20e iuw in Nederlân slim werom, reden wêrom't de plant yn Nederlân wetlik beskerme west hat, mar no net mear.

Ekologyske aspekten Trochdat de barchjeblom safolle fiedingsstoffen út it wetter opnimt, kin de plant bydrage oan it skjinhâlden fan it wetter.

De nektar is nochal djip weistoppe, Bijen en hommels moatte der hielendal yn krûpe om by de nektar te kommen. At de blommen hielendal ryp binne, rôlje de siedden der út. De siedden driuwe oer it wetter oant se by de wâl stykjen bliuwe en ûntkime.

Oare planten yn de omjouwing binne bygelyks de dotterblom, kalmuswoartel en bûterblêden yn de buert.

De lissnúttuorre (Mononychus punctum-album) is in lyts (3-4 mm) tuorke dat libbet fan de sappen fan de barchjeblom, de rûp libbet fan en yn de siedden.

Tunen De barchjeblom kan in túnfivers kweekt wurde. De fiver moat dêrfoar wol grut genôch wêze, oars groeit de fiver hurd ticht en ha de planten net folle profyt fan inoar. Yn de tún kin fermeardering troch siedfoarming (siedden drûch bewarje) én troch skuorren barre.

Keppeling om utens SoortenBank.nl beskriuwing en ôfbylden

Kategory:Plantesoarte Kategory:Iris (skaai) Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Denemark Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Estlân Kategory:Lânseigen floara yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen floara yn Finlân Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Gibraltar Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Kazachstan Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Letlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Malta Kategory:Lânseigen floara yn Man Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Monako Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Noarwegen Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sibearje Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Sweden Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Algerije Kategory:Lânseigen floara yn Irak Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Israel Kategory:Lânseigen floara yn Jordaanje Kategory:Lânseigen floara yn Libanon Kategory:Lânseigen floara yn Marokko Kategory:Lânseigen floara yn Palestina Kategory:Lânseigen floara yn Syrje Kategory:Lânseigen floara yn Tuneezje Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Kanada