Aust-Agder is in tradisjonele regio, eardere provinsje en hjoeddeistich kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Vest-Agder op yn 'e nije fúzjeprovinsje Agder.
Aust-Agder wie foarhinne in provinsje (fylke) fan Noarwegen yn it easten fan Sørlandet. De provinsje lei oan it Skagerrak en grinzge oan Telemark, Rogaland en Vest-Agder. As regio beslacht it in gebiet fan 9.157,4 kante kilometer, en op 1 jannewaris 2017 wie it ynwennertal 116.673.
Yn 2017 stimde it Noarske parlemint foar it gearfoegjen fan de provinsjes Aust-Agder en Vest-Agder per 1 jannewaris 2020. Dizze fúzje wie ien fan de geografyske feroarings dy't plakfûnen yn it ramt fan in bredere de provinsjale weryndieling fan Noarwegen.
Gemeenten De provinsje Aust-Agder bestiet sûnt de jierren njoggentich út 15 gemeenten: Nr. Gemeente Haadplak Ynwennertal0901 20px|Gemeente Risør Risør Risør 6.9360904 20px|Gemeente Grimstad Grimstad Grimstad 22.6920906 20px|Gemeente Arendal Arendal Arendal 44.5760911 20px|Gemeente Gjerstad Gjerstad Gjerstad 2.5110912 20px|Gemeente Vegårshei Vegårshei Myra 2.1040914 20px|Gemeente Tvedestrand Tvedestrand Tvedestrand 6.0510919 20px|Gemeente Froland Froland Blakstad 5.7130926 20px|Gemeente Lillesand Lillesand Lillesand 10.7020928 20px|Gemeente Birkenes Birkenes Birkeland 5.7180929 20px|Gemeente Åmli Åmli Åmli 1.8560935 20px|Gemeente Iveland Iveland Birketveit 1.3420937 20px|Gemeente Evje og Hornnes Evje og Hornnes Evje 3.6140938 20px|Gemeente Bygland Bygland Bygland 1.2000940 20px|Gemeente Valle Valle Valle 1.2460941 20px|Gemeente Bylke Bykle Bykle 952
Sjoch ek Provinsjes fan Noarwegen
Kategory:Eardere provinsje fan Noarwegen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1662 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2020