Finnmark (Noardsamysk: Finnmárku; Kwensk: Finmarku) is in provinsje en tradisjonele regio fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Troms op yn 'e nije fúzjeprovinsje Troms og Finnmark, dy't lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft waard.
Finnmark wie in provinsje (fylke) yn it uterste noardeasten fan Noarwegen. It grinzge yn it westen oan de provinsje Troms, yn it suden oan Finlân, yn it easten oan Ruslân, yn it noardwesten oan de Noarske See en yn it noarden en noardeasten oan de Barentssee. Finnmark wie de tinstbefolke provinsje fan Noarwegen.
De provinsje hiet earder Finmarkens amt of Vardøhus amt. Sûnt 2002 hat hiet it twa offisjele nammen, yn 'e beide offisjele talen fan it gebiet: Finnmark (Noarsk) en Finnmárku (Noardsamysk). Finnmark makket diel út fan Sápmi, it heitelân fan 'e Samen. Der wennet ek in oare minderheid, de Kwennen, dy't in taal sprekke dy't ek wol as dialekt fan it Finsk beskôge wurdt.
Gemeenten 20 px Alta
20 px Berlevåg
20 px Båtsfjord
20 px Gamvik
20 px Hammerfest
20 px Hasvik
20 px Karasjok
20 px Kautokeino
20 px Kvalsund
20 px Lebesby 20 px Loppa
20 px Måsøy
20 px Nesseby
20 px Nordkapp
20 px Porsanger
20 px Sør-Varanger
20 px Tana
20 px Vadsø
20 px Vardø
Sjoch ek Provinsjes fan Noarwegen
Kategory:Provinsje fan Noarwegen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1660 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2020 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2024