Jeremy Brett (Berkswell, 3 novimber 1933 – Londen, 12 septimber 1995), berne as Peter Jeremy William Huggins, wie in Ingelsk akteur. Hy waard foaral bekend fan syn rol as privee-detektive Sherlock Holmes yn fjouwer Britske telefyzjesearjes: The Adventures of Sherlock Holmes, The Return of Sherlock Holmes, The Casebook of Sherlock Holmes en The Memoirs of Sherlock Holmes. Teffens is er bekend fan syn rol as Freddie Eynsford-Hill yn de Warner Bros.-produksje út 1964 My Fair Lady.

Libben en wurk Jonkheid en karriêre foar Sherlock Holmes Brett waard berne yn in Berkswell Grange yn Berkswell, Warwickshire, Ingelân. Hy wie in soan fan luitenant-kolonel Henry William Huggins, in legerofsier, en Elizabeth Edith Cadbury Butler. Hy gie nei de public school Eton College. Hy koe goed sjonge en siet op it kolleeezjekoar. Hy woe ynearsten jockey wurde, mar wie te grut en te swier.

Op de Central School of Speech and Drama dy't yn dy tiid yn de Royal Albert Hall yn Londen siet, krige er syn oplieding ta akteur. Yn 1954 studearre er ôf, mar syn heit easke dat er syn namme feroare om de eare fan de famylje te rêden. Hy helle syn artystenamme fan it label fan syn earste pak, "Brett & Co." Syn offisjele debút wie yn it Library Theatre yn Manchester yn 1954 en yn 1956 syn Londenske debút by it Old Vic-selskip yn Troilus and Cressida. Yn 1959, Brett spile dat jier Hamlet, ferlear syn mem it libben by in autoûngamak earne yn de bergen yn Wales. Dat foarfal hie in enoarm effekt op Brett.

Letter waard Brett neamd as opfolger fan Sean Connery as James Bond yn de film On Her Majesty's Secret Service, mar de rol gie nei de Australyske akteur George Lazenby. Ek die er audysje foar de rol by de film Live and Let Die, mar ek doe krige er de rol net. Roger Moore waard de nije James Bond.

Hy krige dêrnei ferskate rollen yn toanielstikken en films, ûnder oare yn 1964 yn de film My Fair Lady. Dêryn spile er de rol fan Freddie Eynsford-Hill.

Jeremy Brett as Sherlock Holmes Doe't Brett de rol fan Sherlock Holmes oernaam, hie der al in lange aktearkarriêre efter de rêch. De Sherlock-Holmes-rige, dy't tusken 1983 en 1994 produsearre waard troch it Britske telefyzjebedriuw Granada, is nau grûnfêste op it wurk fan Arthur Conan Doyle. Ear't de rol spile ferdjippe er him yngeand yn it romankarakter en yn de skriuwer. Jeremy Brett komt hiel ticht by it karakter yn de roman mei syn ynterpretaasje, mar sels wie er kritysk oer syn optreden as Holmes; yn 1989 sei er yn in fraachpetear dat syn ferskining as Holmes yn de films noch lang net like op de beskriuwing fan de detektive yn de boeken fan Conan Doyle. Dochs waard er tige priizge om syn fertolking fan Holmes. Yn de earste searje spile er mei David Burke (1934–2026) as dr. Watson en yn de lettere rigen en films mei Edward Hardwicke.

Yn 1995 stoar Brett thús yn Clapham, Londen, oan de gefolgen fan hertfalen. Syn hertkleppen wiene oantaast troch akút reuma dat er as bern trochmakke hie. Hy waard kremearre en de famylje krige syn jiske.

Priveelibben Op 24 maaie 1958 troude Brett mei aktrise Anna Massey. Harren soan, David Huggins is cartoonist, yllustrator en romanskriuwer. Brett en Massey giene by elkoar wei yn novimber 1962 nei't sy hawwe woe dat er in relaasje mei in man hie. Fan 1969 oant 1976 hie Brett in ferhâlding mei akteur Gary Bond, dy't presys in moanne nei Brett ferstoar. Ein jierren 70 hie er in relaasje mei akteur Paul Shenar. Yn 1976 boaske Brett oan Joan Sullivan Wilson, dy't yn july 1985 oan kanker stoar.

Ein 1986 waard fêststeld dat er oanhelle wie mei manyske-depressy, bipolêre steurnis. Brett krige litium foarskreaun. Hy ferwachte dat de sykte nea oerbetterje soe en dat jin der mei leare te libjen moasten. Dat hy gie wer oan 't wurk om Holmes te spyljen. Starichoan feroare dêrnei syn úterlik. Ien fan de bywurkingen fan de litiumtabletten wie it fêsthâlden fan focht. Teffens makken de medisinen him sleau. Hy krige ek hertfalen mei fan gefolch dat er faak de siken net fine koe en dat er op de set somtiids soerstof tatsjinne krije moast.

De lêste tsien jier fan syn libben waard er ferskate kearen opnaam fanwegen syn psychyske tastân en hertfalen. Dat syn sûnens tebek rûn wie him oan te sjen yn de lêste ôfleveringen fan de Sherlock Holmes-rige. Hy bespruts syn sykte earlik yn it iepenbier en moedige minsken mei deselde symptomen oan om help te sykjen.

Wurk Toaniel Jier Namme Rol Plak 1988 The Secret of Sherlock Holmes Sherlock Holmes Wyndham's Theatre 1985 Aren't We All? Hon. William Tatham Brooks Atkinson Theatre 1978 DraculaGreve DrakulaBroadway theatre 1967 As You Like It Orlando Royal National Theatre 1964 The DeputyFather Riccardo Fontana, S.J. Brooks Atkinson Theatre 1961 Hamlet Hamlet Oxford Playhouse/Royal Strand Theatre 1956 Troilus and CressidaTroilus Winter Garden Theatre 1956 Romeo and JulietParis Winter Garden Theatre 1956 MacbethMalcolm Winter Garden Theatre 1956 Kening Richard IIDuke of Aumerle Winter Garden Theatre

Telefyzjefilms Jier Namme Rol 1988 The Hound of the Baskervilles Sherlock Holmes 1987 The Sign of FourSherlock Holmes 1985 Deceptions Bryan Foxworth 1985 Florence Nightingale William Nightingale 1984 Morte d'Arthur Kening Arthur 1983 Number 10 William Pitt de Jongere 1982 The Barretts of Wimpole Street Robert Browning 1981 The Good SoldierEdward Ashburnham 1981 MacbethMacbeth 1981 Madame X Dr. Terrence Keith 1979 Rebecca Max DeWinter 1975 The Prodigal Daughter Father Daley 1974 Haunted: The Ferryman Sheridan Owen 1974 Jennie: Lady Randolph Churchill (2 episoaden) Greve Karel Kinsky 1973 The Merchant of Venice Bassanio 1969 An Ideal HusbandVicount Goring 1968 The Merry Widow 1966 Chopin and George Sand - The Creative Years Chopin 1962 Dinner with the Family 1962 The Ghost Sonata De studint

Sherlock Holmes telefyzjerigen

1994 The Memoirs of Sherlock Holmes The Cardboard Box The Mazarin Stone The Red Circle The Golden Pince-Nez The Dying Detective The Three Gables 1991—1993 The Case-Book of Sherlock Holmes 1993 The Eligible Bachelor 1993 The Last Vampyre 1992 The Master Blackmailer 1991 The Creeping Man 1991 The Illustrious Client 1991 The Problem of Thor Bridge 1991 The Boscombe Valley Mystery 1991 The Disappearance of Lady Frances Carfax 1991 The Problem of Thor Bridge 1991 Shoscombe Old Place 1992 ITV Telethon [Sherlock Holmes] 1987—1988 Masterpiece Mystery The Return of Sherlock Holmes: The Sign of Four The Return of Sherlock Holmes: The Priory School 1988 The Return of Sherlock Holmes The Devil's Foot Silver Blaze Wisteria Lodge The Bruce Partington Plans 1986 The Return of Sherlock Holmes The Empty House The Abbey Grange The Musgrave Ritual The Second Stain The Man with the Twisted Lip The Priory School The Six Napoleons 1985 The Adventures of Sherlock Holmes The Copper Beeches The Greek Interpreter The Norwood Builder The Resident Patient The Red Headed League The Final Problem 1984 The Adventures of Sherlock Holmes A Scandal in Bohemia The Dancing Men The Naval Treaty The Solitary Cyclist The Crooked Man The Speckled Band The Blue Carbuncle

Keppelings om utens Biografy fan Jeremy Brett by it Britsk Filmynstitút The Brettish Empire Essay oer Jeremy Brett as Holmes by Granada TV

Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk musicalakteur Kategory:Persoan berne yn 1933 Kategory:Persoan stoarn yn 1995 Kategory:Sherlock Holmes