Mirror Sight is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De titel betsjut: "Spegele Oanblik" of "Spegele Gesichtsfermogen". It boek fertelt it ferhaal fan 'e keapmansdochter Karigan G'ladheon, dy't tsjin wil en tank ien fan 'e saneamde Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia, en almar djipper behelle rekket yn 'e stiid tsjin 'e kwea-aardige tsjoender Mornhavon de Swarte en dy syn trewanten. Mirror Sight is it fyfde diel fan 'e Green Rider-searje, en folget as sadanich op it foargeande diel Blackveil. Mirror Sight waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola.
Eftergrûn Yn Mirror Sight reizget Karigan G'ladheon nei in takomst wêryn't steamtechnology foar master opslacht, mei alle fersmoarging dy't dêrmei mank giet. Se komt telâne yn in stêd mei withoefolle tekstylfabriken, dêr't slaven swier, gefaarlik en geastdeadzjend wurk dogge ûnder abominabele arbeidsomstannichheden. Yn in neiwurd by de roman skriuwt de auteur dat se op it idee foar sa'n wrâld kaam troch har eigen ûnderfinings. Britain is fan berop nammentlik parkwachter (park ranger) en hat foar de Amerikaanske Nasjonale Parktsjinst yn ferskate nasjonale parken en beskerme monuminten wurke. Sa wie se fan 1989 ôf ferskate jierren stasjonearre yn it Nasjonaalhistoarysk Park Lowell, dat in lytse 30 km boppe Boston leit, yn 'e steat Massachusetts. Under de Amerikaanske Yndustriële Revolúsje woeks Lowell troch de maklik beskikbere wetterkrêftenerzjy dy't dêre levere waard troch de rivier de Merrimack út ta in sintrum fan 'e tekstylyndustry. Twa iuwen letter wie it Britain har taak om rûnliedings troch de âlde fabriken te fersoargjen foar toeristen en oare belangstellenden.
Ynhâld Wat foarôf gie Karigan G'ladheon is in keapmansdochter dy't tsjin wil en tank ien fan 'e Griene Ruters wurden is, de keninklike koeriers yn it keninkryk Sacoridia. Troch de jierren hinne rekke se troch har oanhâldende aventoeren almar djipper behelle yn 'e striid tsjin 'e boaze tsjoender Morhavon de Swarte, dy't nei tûzen jier út 'e dea opstie om wraak te nimmen op 'e neikommelingen fan 'e Sacoridianen dy't him yn it ferline fersloegen. Karigan, dy't sels ek bejeftige is mei beskate boppenatuerlike fermogens, wist foar har lân tiid te winnen troch Mornhavon mei te nimmen in ûnbeskate ôfstân de takomst yn en him dêr efter te litten (sjoch: First Rider's Call). Neitiid besleaten de elfeftige Eletiërs, de mysterieuze en net folslein betroubere bûnsgenoaten fan 'e Sacoridianen, om in ekspedysje it dûnkere wâld Swartwale yn te stjoeren. Dat hie oarspronklik it Eletyske keninkryk Argenthyne west, mar waard mear as tûzen jier earder yn 'e Lange Oarloch troch Mornhavon ferovere en ta syn eigen útfalsbasis makke.
Yn it foargeande diel út 'e romanrige, Blackveil, weage in groep Eletiërs en Sacoridianen him yn Swartwale. Under harren wie ek Karigan. De ekspedysje berikte úteinlik Kastiel Argenthyne, yn it hert fan it dûnkere wâld, dêr't de skym fan 'e lang lyn ferstoarne Eletyske keninginne Laurelyn Karigan holp om 'e sliepende Eletiërs fan Argenthyne te rêden. Op dy misje mette Karigan de Spegelman, de trickster fan it Sacoridiaanske panteön, dy't der by har op oanstie om ien fan 'e maskers te kiezen dy't er har oanbea. Karigan wie him lykwols te fluch ôf en keas syn eigen masker, dat fan spegelglês makke wie. Werom yn Kastiel Argenthyne fûn se dêr yndie it spegelmasker fan 'e Spegelman. Doe't se oan 'e binnenkant fan it masker yn 'e spegel seach, seach se alle triedden fan dieden en minskelibbens dy't alle mooglike takomsten foarmen. Se wist dat sy it masker nea opdwaan soe, om't se net mei de takomst opprutse woe.
Krekt op dat stuit berikte it ferrin fan 'e tiid it stikje takomst dêr't Karigan Mornhavon de Swarte efterlitten hie. De tsjoender besette it lichem fan Karigan har freon, de Griene Ruter Yates Cardell, mar doe't er har it spegelmasker besocht te ûntfytmanjen, dat him de macht fan in god jûn hawwe soe, smiet Karigan dat oan gruzeleminten foar syn fuotten. Dat feroarsake in eksploazje fan tiidsdielen en takomstmooglikheden dy't Mornhavon slim ferwûne. Karigan, har reisgenoaten en Mornhavon, allegear waarden se troch tiid en romte fuortslingere. De Griene Ruter Lynx en de Eletiërs Telagioth en Ealdaen waarden wekker op 'e Wandaflakte, fier benoarden Swartwale, yn in ôfhandige hoeke fan Sacoridia. Ek Yates Cardell wie by harren, mar dy wie troch de besetting troch Mornhavon de Swarte sa slim skansearre, dat er koarte tiid letter oan ynterne ferwûnings stoar. Fan Mornhavon en de oare beide oerlibjende leden fan 'e ekspedysje, Karigan en de Eletiër Lhean, wie gjin spoar.
Mirror Sight Mirror Sight begjint sûnder fierdere útlis op it punt dêr't Blackveil ophold. Nei in ûnmjitlike tiid yn in boaiemleaze swarte djipte tommele te hawwen, wurdt Karigan opheind troch Westrion, de Sacoridiaanske god fan 'e dea. Hja beslút dat se stoarn wêze moat en ferliest it bewustwêzen. Letter wurdt se wekker yn it tsjuster. It docht bliken dat se dochs noch libbet, mar se is by nacht bedarre yn in stêd dy't se net ken. De taal dy't der sprutsen wurdt, is min ofte mear itselde as har eigen Sacoridiaansk, mar de strjitten binne kearsrjocht, de klean fan 'e lju binne apart en de lucht is smoarch en lit in bittere neismaak yn har mûle efter. As se yn in efterôfsteechje oanfallen wurdt troch in groepke dieven, wurdt se rêden troch Cade Harlowe, in studint argeology, dy't har meinimt nei it hûs fan syn perfester, Bryce Lowell Josston. Dêr wurde de wûnen fersoarge dy't Karigan yn Swartwale oprûn hat, wêrûnder in brutsen pols.
Wylst se opbetteret, komt Karigan mear te witten oer wêr't se belâne is, en dat blykt earne yn 'e takomst te wêzen. De stêd hjit simpelwei 'Fabryksstêd' (Mill City, fan cotton mill, "katoenspinnerij"), en is in provinsjestedsje yn it grutte Serpintynske Ryk, dat it hiele kontinint omspant. Dat ryk wurd mei in izeren fûst regearre wurdt troch de ûnstjerlike keizer en driuwt fierhinne op steamtechnology. Froulju binne ûnderdienige wêzens dy't neat yn eigendom hawwe meie en yn it iepenbier in wale drage moatte. De fabryksarbeiders binne slaven dy't net as minsken mar as besittings beskôge wurde, dêr't de eigner mei dwaan mei wat er wol. Perfester Josston is in argeolooch út 'e hegerein, dy't him lykwols net hâldt oan 'e 'foarskreaune wittenskip' en de 'wiere skiednis', mar temûk ûndersyk docht nei strang ferbeane ûnderwerpen, lykas it ferdwûne keninkryk Sacoridia. As Karigan him ferteld wa't se is, wol er har earst net leauwe, mar troch alle histoaryske details dy't se him fertelt en de klean en foarwerpen dy't se by har hie, wit se him úteinlik te oertsjûgjen dat se wier út it ferline komt.
De perfester is fassinearre troch Karigan, en beart foar syn tsjinstfolk en de bûtenwrâld dat se in fiere nicht fan him is, Kari Goodgrave, dy't troch har famylje yn in gesticht stoppe wie en troch him dêrút helle is. Dêrtroch wurde alle sosjale flaters dy't Karigan makket yn in foar har ûnbekende maatskippij, ôfdien as de opstigings fan ien dy't net goed by de holle is. As Karigan nei in pear wiken fierhinne genêzen is, en foar it earst by dei bûtendoar komt, stiet har in skokkende ferrassing te wachtsjen: Fabryksstêd is boud op 'e fûneminten fan Sacor-Stêd, de haadstêd fan Sacoridia, en op 'e heuvel boppe it stedsje steane de ruïnes fan it Keninklik Kastiel, dêr't Karigan en de oare Griene Ruters sa lang wenne hawwe. In oare skok is foar Karigan de identiteit fan 'e keizer. In skriklike wrâld as dizze moast wol it wurk wêze fan Mornhavon de Swarte, tocht se. Mar de keizer blykt ynstee in oare âlde bekende te wêzen: hear Amberhill, de neef fan kening Zachary (sjoch: The High King's Tomb).
Troch nachts op eigen manneboet yn it hûs fan perfester Josston op ferkenning út te gean, ûntdekt Karigan fierders dat de perfester en syn studint Cade Harlowe belutsen binne by in ûndergrûnske fersetsbeweging, dy't as doel hat om it Serpintynske Ryk ûnder fuotten te heljen. No't se dat sels útfûn hat, belûkt Josston har oant op beskate hichte by syn plannen. Sa komt oan it ljocht dat Arhys, in bern dat by de perfester yn 'e hûs as tsjinstfamke wurket, eins de lêste ôfstammelinge fan 'e keningen fan it âlde Sacoridia is. Sels hat Arhys dêr alhiel gjin weet fan, en de perfester hat har sa bedoarn dat Karigan har ôffreget oft it lân wol better ôf wêze soe as Arhys op 'e troan kaam. Cade Harlowe, perfester Josston syn studint en fertrouling, hat himsels treend om Arhys har liifwacht te wêzen, sa't de keningen fan Sacoridia fan âlds beskerme waarden troch harren saneamde 'Wapens', de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden. Karigan, dy't troch de echte Wapens treend is, hat noch wol it ien en oar op Cade syn oefenings oan te merken, en beslút him better op te lieden. Wat mear tiid oft se mei-inoar trochbringe, wat mear oft se fereale opinoar begjinne te reitsjen.
Underwilens wurdt yn it ferline, yn it Keninklik Kastiel yn Sacor-Stêd, in oerâld glês-yn-leadrút himmele dêr't de oerwinning fan 'e Sacoridianen en harren bûnsgenoaten yn 'e Lange Oarloch op ôfbylde stiet. Sa goed oft de moderne Sacoridianen wisten, fierde it bûnsgenoatskip tsjin Mornhavon de Swarte as symboal in twiichje mei trije blêden: ien foar Sacoridia, ien foar it buorlân Rhovanny, en ien foar de Eletiërs. Op it rút stiet lykwols in twiichje mei fjouwer blêden ôfbylde, en wat altyd beskôge wie as in groepke ruters blykt in stikmannich p'ehdrose te wêzen: wêzens dy't heal minske, heal eland binne, en wêrfan't men tocht dat se mytysk wiene. Yn 'e takomst wurdt Karigan meinommen nei in útstalling fan âldheden út it Keizerlik Museum, dy't troch dr. Ezra Stirling Silk, in âlde fijân fan perfester Josston, nei Fabryksstêd ta helle is. Dêr sjocht se it opsette lichem fan Ghallos, de lêste haadman fan 'e p'ehdrose en de lêste libbene p'ehdrose wêr dan ek, dy't troch de keizer op in jachtpartij eigenhandich deasketten is. Op deselde tentoanstelling wurdt ek de finzen nommen Lhean toand, ien fan 'e Eletyske leden fan 'e ekspedysje nei Swartwale, dy't krekt as Karigan nei de takomst ta slingere is troch de eksploazje fan it spegelmasker. Om't Eletiërs al hast twa iuwen útstoarn binne, is hy dêr in grutte besjensweardichheid.
Yn it ferline is it no sa lang lyn dat der foar it lêst wat fan Karigan fernommen is, dat men derfan útgiet dat se omkommen is yn Swartwale. In tinktsjinst foar har wurdt lykwols ûnmooglik makke troch de geasten fan 'e ferstoarnen dy't yn it Keninklik Kastiel omwaarje. Hoewol't kaptein Laren Mapstone, de kommandant fan 'e Griene Ruters, net mear ferwachtet om Karigan ea noch libben werom te sjen, is kening Zachary, dy't fereale is op Karigan, noch net ree om alle hoop op te jaan. As Eletyske gesanten in berjocht fan harren prins Jametari oerbringe, dy't graach wol dat de kaptein in pear kryptyske boadskippen foar Karigan skriuwt en dy yn bewarring jout by Agemon, de haadoppasser fan 'e Keninklike Tomben ûnder it kastiel, wol sy dat wegerje, mar kening Zachary wol dêr neat fan witte en oarderet Laren om te dwaan wat har frege is.