Remswert is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Remswert leit súdwestlik fan Nijlân oan de A7.
De buorskip is ûntstien op in terp. Yn 1444 waard it plak fermeld as Raemswert, yn 1455 as 'toe raemswert' en yn 1718 as Remsert. De plaknamme soe ferwize nei in terp (wert) dy't bewenne waard troch de persoan Remme. De namme komt ek foar as Remswerd en Rimswert.
By Remswert wurdt de autocross Blauhús holden fan de Fryske Autocross Klub.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Nijlân Kategory:Wolsum Kategory:Buorskip yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Buorskip yn Wymbritseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân