thumb|Petersburch mei brêge oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart Petersburch (Stellingwerfsk en Nederlânsk: Petersburg) is in buorskip yn de gemeenten Opsterlân en Eaststellingwerf. Petersburch leit tusken Wynjewâld en Donkerbroek. Oan de lofter kant fan de feart leit 'e buorskip Moskou

Ferklearring fan de namme Ein 18e iuw soe turfstekker Pieter Blauw him dêr nei wenjen set hawwe en makke fan syn hûs in kroech. As tekst stie op syn úthingboerd: "Ik woon hier aan de weg. Wat heb ik meer te wenschen. Dan zegen van de heer. En gunst van alle menschen". Doe't de kroech nei ferrin fan tiid yn ferfal rekke waard it hûs Pieters burcht neamd. Dy namme soe letter ferbastere wêze ta Petersburch. Bewiis foar dy ferklearring fan de namme is der lykwols net. Nei alle wierskyn is de buorskip ferneamd nei de Russyske stêd Sint-Petersburch.Gildemacher, dr. K.F. Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten s. 194, Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert, 2007, ISBN 978 90 330 0643 2

Petersburch leit oan de Turfrûte.

Kategory:Wynjewâld Kategory:Donkerbroek Kategory:Buorskip yn Opsterlân Kategory:Buorskip yn Eaststellingwerf