De Jeraziatyske dassen (wittenskiplike namme: Melinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae). Yn dizze taksonomyske groep binne de measte dassesoarten gearbrocht, útsein de (Amerikaanske) sulverdassen (Taxideinae) en de (Afro-Aziatyske) huningdassen (Mellivorinae). Fierders ûntbrekke hjir ek de Aziatyske stjonkdassen (Mydaus), mar dat binne gjin 'echte' dassen, en dy hearre net ta de martereftigen, mar ta de stjonkdieren (Mephitidae). It bekendste lid fan 'e ûnderfamylje fan 'e Jeraziatyske dassen is de 'gewoane' Jeropeeske das, dy't ek yn Fryslân foarkomt.

Famylje-opbou

ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae) skaai bargedassen (Arctonyx): 1 soarte skaai Jeraziatyske dassen (Meles): 4 soarten skaai sinnedassen (Melogale): 5 soarten

Kategory:Martereftige Kategory:Das