It Ferlosserkleaster fan 'e hillige Euthimius (Russysk: Спасо-Евфимиев монастырь; transl.: Spaso-Evfimiev monastir) is in otterdoks muontsekleaster yn 'e Russyske stêd Sûzdal yn 'e oblast Vladimir. It kompleks makket diel út fan 'e Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal en falt ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis It kleaster waard yn 1352 stfite troch Boris Konstantinovitsj, grutfoarst fan Nizjni Novgorod. Fan 'e oarspronklik houten gebouwen fan it kleaster is neat bewarre bleaun. It tsjintwurdige oansjen fan it kleaster is 16e en 17e iuwsk. De gebouwen kamen benammen ta stân troch grutte jeften fan foarsten en bojaren, lykas grutfoarst Vasili III, tsaar Ivan IV en leden fan it Pozjarski-skaai. By de eastlike muorre fan 'e katedraal leit it grêf fan prins Dmitri Michailovitsj Pozjarski. De moarmeren kapel boppe it grêf waard yn 'e jierren 1930 troch de bolsjewiken sloopt, mar yn 2009 is de kapel wer opboud en op 4 novimber fan dat jier troch presidint Dmitri Medvedev iepene.
Op 7 july 1445 moast der slim fochten wurde oan 'e muorren fan it kleaster tsjin de Kazaanske troepen ûnder lieding fan de prinsen Mahmud en Yakub. De Tataren krigen de oerhân en namen by dy gelegenheid grutfoarst Vassili II finzen. | thumb|left|Fresko's yn de Transfiguraasjekatedraal. De belangrykste tsjerke fan it kleaster is de Transfiguraasjekatedraal, dy't oan 'e ein fan 'e 16e iuw boud waard yn 'e tradysje fan d'e âlde arsjitektuer fan Sûzdal. Wichtich binne de fresko's yn 'e katedraal út de lette 16e iuw. Yn 1766 waard it kleaster yn opdracht fan Katarina II ek in finzenis foar politike en religieuze dissidinten.
Yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan 'e Romanov-dynasty krige it kleaster op 16 maaie 1913 besite fan tsaar Nikolaas II mei syn fjouwer dochters.
Ek yn 'e Sovjet-tiid bleau it kleaster in plak, dêr't politike tsjinstanners en foaroansteande geastliken finzen set waarden. Yn 1940 waarden nei de Sovjet-ynvaazje yn Poalen manskippen fan it Tsjechysk Legioen ûnder lieding fan Ludvík Svoboda yn it kleaster ynternearre. Nei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it in suveringskamp fan soldaten en ofsiers fan it Reade Leger dy't earder finzen nommen wiene troch de Dútsers. Op 1 jannewaris 1943 waard it kleaster in kamp foar finzennommen Dútsers, lykas Friedrich Paulus. Ek Dútske bûnsgenoaten, lykas Italjanen, Roemenen, Hongaren en Spanjaarden fan 'e Blauwe Divyzje, waarden dêr finzen set. Nei de oarloch wie it kleaster oant 1967 in weropfiedingskamp foar jonge kriminelen.
Sûnt 1968 is it kleaster in museum.
Gebouwen Ofbyld Namme Foltôge yn 150px Katedraal fan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear. 1594 150px Poarte- of Ferkundigingtsjerke 17e iuw 150px Tsjerke fan 'e hillige Nikolaas. 1669 150px Tsjerke fan 'e Berte fan Jehannes de Doper mei klokketoer. 3e fearn 16e iuw 150px Untsliepenistsjerke. 16e iuw 150px Fortifikaasjes. 17e iuw 150px Hûs fan 'e argimandryt. 17e iuw 150px Sellen fan 'e muontsen. 17e iuw/18e iuw 150px De yn 2009 wer opboude tombe fan Dmitri Michailovitsj Pozjarski (yn 'e Sovjet-tiid fernield). 2009
Kategory:Bouwurk yn Sûzdal Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Wrâlderfgoed yn Ruslân Kategory:Museum yn Ruslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Bouwurk út 1594 Kategory:Bouwurk út 1669 Kategory:Bouwurk út 2009 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1352 Kategory:Organisaasje opheft yn 1918 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1991