Arthur Valentijn Japin (Haarlim, 26 july 1956) is in Nederlânsk skriuwer en akteur, dy't foar syn roman Een schitterend gebrek yn 2004 de Libris Literatuer Priis krige. Japin syn romans en ferhalen hawwe faak in autobiografyske of histoaryske kearn.

Yn 2006 skreau er it boekewikepresint De grote wereld, dat yn in rekordoplage fan 813.000 stiks printe waard.

Biografy Jonkheid Japin woe yn syn bernetiid út en troch immen oars wêze. Bert Japin, syn heit, wie ûnder mear toanielresinsint en naam him mei nei it teäter. Dêr fielde er him thús. Op skoalle waard er narre en sawol lichaamlik as geastlik mishannele en hy siet yn in isolemint. Heit Japin die himsels te koart doe't Japin trettjin wie.Onze medewerker Bert Japin overleden, De Telegraaf, 12 augustus 1969 It pesten gie troch oant syn sechtjinde. It skeppen fan in fantasywrâld, de flecht út de realiteit (ek teäter), wie in middel om te oerlibjen.

Nei de middelbere skoalle keas er foar in fak dêr't er 'út en troch in oar wêze koe'.

Stúdzje Japin ferfear nei it gymnasium nei Londen, om in oplieding te folgjen oan de toanielskoalle, The School of Dramatic Arts. Werom yn Amsterdam studearre er twa jier Nederlânske Nederlandse taal- en letterkunde en stapte dêrnei oer nei de Lytskeunstakademy. Yn 1982 studearre er dêr ôf.

Hy spile rollen foar radio, film en telefyzje (bygelyks in tal byrollen yn de searje Flodder en de telefyzjerigen Goede tijden, slechte tijden en Onderweg naar morgen) en op it toaniel by ûnder oare Toneelgroep Centrum en de Teäteruny. Teffen song er yn in lytse rol by de Nederlânske Opera.

Skriuwer Yn 1987 joech Arthur Japin it aktearjen oer en begûn te skriuwen. Yn 1996 debutearre er mei Magonische Verhalen, dy't - lykas syn lettere boeken - útjûn waard troch De Arbeiderspers. Yn 1997 folge — as risseltaat fan 10 jier ûndersyk — De zwarte met het witte hart. Wilens skreau Japin ek senario’s, harkspullen en toanielstikken, dy't him ferskate literêre prizen opsmieten. Yn 2000 waarden in stikmannich Magonische Verhalen ferfilme. Yn maart 2002 ferskynde De droom van de leeuw, in mânske roman oer leafde en ferbylding. Een schitterend gebrek waard yn 2003 publisearre, dat it jier dêrop de Libris Literatuer Priis krige.

Priveelibben Japin wennet hjoed de dei yn de binnenstêd fan Utert, mei de Amerikaanske skriuwer Benjamin Moser NYTimes.com: Living in a Dutch townhouse (23 jan. 2008) en Lex Jansen: syn partner en ek syn útjouwer.

Wurken Bibliografy 1996: Magonische verhalen 1997: De zwarte met het witte hart, roman 1998: De vierde wand, reisferhalen 2002: De droom van de leeuw, roman 2002: De vrouwen van Lemnos, goreografysk senario 2003: Een schitterend gebrek, roman 2004: Dooi & Zeep, twa ferhalen yllustrearre mei fan Arthur Japin skildere portretten 2006: De klank van sneeuw, twa novellen 2006: De grote wereld, novelle (Boekewikepresint) 2007: De overgave, roman (NS Publykspriis 2008) 2008: Zoals dat gaat met wonderen, deiboeken 2000-2007 2010: Het lied van de moeder, ferhaal 2010: Vaslav, roman 2012: Maar buiten is het feest, roman 2013: De man van je leven, roman 2015: De gevleugelde, roman 2017: Kolja, roman 2019: Geluk, een geheimtaal, deiboeken 2008-2018 2020: Mrs. Degas, roman 2021: Honden voor het leven, autobiografysk ferhaal 2022: Wat stilte wil

Filmsenario's 1982: 2007 regy: Peter Gest 1983: De illusionist regy: Jos Stelling 1996: Hoerenpreek, in telefyzjfilm troch Ineke Smits 1996: De Wolkenfabriek, idem 2000: Magonia, ferfilming fan Magonische verhalen troch Ineke Smits 2010: De Vliegenierster van Kazbek mei Ineke Smits

Opera 2007: Kwasi & Kwame, de zwarte met het witte hart.Japin hat it Ingelskstalige libretto foar dizze opera fan Jonathan Dove skreaun. In produsksje fan Onafhankelijk Toneel / Opera O.T. i.g.m. Domestica Rotterdam ûnder lieding fan Wim Steinmann

Teäter Onafhankelijk Toneel fertolke mei in sirkus-/dûnsfoarstelling it boek ‘De grote wereld’ Op fersyk fan Jeroen Krabbé bewurke Arthur Japin syn boek Vaslav yn 2014 ta in teäterstik

Telefyzje Yn 2008 en 2009 presintearreente Japin foar de VARA in Nederlânke ferzje fan it Britske telefyzjeprogramma QI. Arthur Japin spile yn 1994 en 1995 de rol fan Buorman Marcel Vonk yn de telefyzjerige Flodder. Arthur Japin spile yn 1994 in sektelieder yn Onderweg naar Morgen. Arthur Japin spile yn 1991 oant en mei 1993 byrollen yn de soap-searje Goede Tijden, Slechte Tijden. Yn 2011 wie er ien fan de fêste meidoggers fan it VARA-programma Kanniewaarzijn.

Prizen 1990 - Gorkumske Literatuerpriis foar De klap van Ediep Koning 1995 - Lira Senariopriis foar De roering van het kielzog 1995 - Literêre priis fan de provinsje Gelderlân foar De draden van Anansi 1998 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar De zwarte met het witte hart 1998 - Halewijn-literatuerpriis fan de stêd Roermond foar syn hiele oeuvre 1999 - ECI-priis foar Skriuwers fan No foar De zwarte met het witte hart 2004 - Libris Literatuer Priis foar Een schitterend gebrek 2005 - De Inktaap foar Een schitterend gebrek 2006 - C.C.S. Crone-priis, oeuvrepriis 2008 - NS Publykspriis foar De overgave 2009 - Annie M.G. Schmidt-priis mei Martijn Breebaart en Sara Kroos foar Nachtkaravaan

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1956