thumb|right|260px|F.l.n.r Guy Berryman, Jonny Buckland, Chris Martin, Will Champion (2008)
Coldplay is in Ingelske Poprockband oprjochte yn 1998 yn Londen. De band brocht yn 2000 syn debútalbum Parachutes út. Coldplay hat njoggen studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Skiednis Coldplay is yn 1998 oprjochte sjonger en toetsenist Chris Martin, gitarist Jonny Buckland, bassist Guy Berryman en drummer Will Champion. De bandleden hiene inoar yn 1996 kinnen leart op de Universiteit fan Londen. Hja besleaten in band te foarmen, yn 1998 ûnstie hjir Coldplay út en brochten se yn eigen behear in EP mei de namme Safety út, nei oanlieding fan dizze EP krige de band in contract oanbean by it platelabel Parlophone, wat folge waard troch harren debút-album Parachutes.
It album Parachutes levere de band daaliks twa Grammy's op, en de twadde single fan it album "Yellow" stie wrâldwiid heech yn de hitlisten. Ek mei de op it debút folgjende albums A Rush of Blood to the Head út 2002 en X&Y útbrocht yn 2005 wûn de band in tal Grammy's. Mei Talk de tredde single fan it tredde album, behelle Coldplay syn earste nûmer ien hit yn Nederlântop40.nl. Viva la Vida de twadde single fan it fjirde album Viva la Vida or Death and All His Friends útbrocht yn 2008 behellet ek de nûmer ien posysje. Yn 2013 komt de single Atlas in nûmer dat net op in Coldplay album stiet mar ûnderdiel is fan de Soundtrack foar de film The Hunger Games: Catching Fire. Ek binne der trije singles útbrocht dy't net op in album steane, om jild yn te sammeljen foar it goede doel. Yn 2021 kaam it njoggende studio-album Music of the Spheres út.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Parachutes10 july 2000ParlophoneShiver,Yellow,Trouble,Don't PanicA Rush of Blood to the Head26 augustus 2002In My Place,The Scientist,Clocks,God Put a Smile upon Your FaceX&Y6 juny 2005Speed of Sound,Fix You,Talk,The Hardest PartViva la Vida or Death and All His Friends12 juny 2008Violet Hill,Viva la Vida,"Lost!,Strawberry SwingMylo Xyloto24 oktober 2011Every Teardrop Is a Waterfall,Paradise,Charlie Brown,Princess of ChinaGhost Stories9 maaie 2014Magic,A Sky Full of Stars,True LoveA Head Full of Dreams4 desimber 2015Adventure of a Lifetime,Hymn for the Weekend,Up&Up,EverglowEveryday Life22 novimber 2019OrphansMusic of the Spheres15 oktober 2021Higher Power,My Universe,Let Somebody GoMoon Music4 oktober 2024
Live-albums Album Utbrocht op Label Coldplay Live 20034 novimber 2003ParlophoneLeftRightLeftRightLeft15 maaie 2009Coldplay Live 201219 novimber 2012Ghost Stories Live 201424 novimber 2014Live in Buenos Aires7 desimber 2018Love in Tokyo
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opA Rush of Blood to the Head / Parachutes2 oktober 2006The Singles 1999–200626 maart 2007Parachutes / A Rush of Blood to the Head / Live 20039 novimber 2007Viva la Vida / X&Y13 septimber 20114 CD Catalogue Set26 novimber 2012The Butterfly Package7 desimber 2018
Kategory:Ingelske rockband Kategory:Ingelske popgroep kategory:Band oprjochte yn 1996