The Allman Brothers Band wie in Amerikaanske rock- en bluesband út Georgia, dy ’t oprjochte is yn 1969 troch de bruorren Duane Allman (gitaar) en Gregg Allman(sang en oargel). De band spile in miks fan blues en rock mei lange ymprovisaasjes dy ’t oan jazz tinken dogge. Dizze muzyk wurdt ek wol Southern Rock neamd, om ’t dit fan oarsprong spile waard yn it suden fan de Feriene Steaten.

Skiednis Yn it begjin bestie The Allman Brothers Band neist de bruorren Douane en Gregg Allman út Dickey Betts (gitaar), Berry Oakley basgitaar), Butch Trucks (drums) en Jai Johanny “Jaimoe” Johanson (drums). Se hienen in hiel eigen lûd troch twa gitaren en twa drummers. De band joech in soad optredens, foardat it earste album útbrocht waard. Op dat album stienen sân lieten, wêrfan ’t it grutste part skreaun is troch Gregg Allman. It sukses kaam mei it twadde album “Idlewild South” (1970).De sân lieten op dat album binne sawat allegearre skreaun troch Gregg Allman of Dickey Betts. “Hoochie Koochie Man” is in âld bluesnumer, skreaun troch Willie Dixon.

Nei it twadde album kamen der hieltyd mear taskôgers nei harren optredens. Yn maart 1971 joegen hja in stikmannich konserten yn de Fillmore East yn New York, dêr’t in dubelalbum fan útbrocht is. Dat album “At Fillmore East” waard in grut sukses en wurdt sjoen as ien fan de bêste live- en bluesrock albums fan alle tiden. Op it album stean fjouwer âlde bluesnumers en trije dy’t de mannen sels skreaun hawwe. It langste numer “Whipping Post” duorret op dit album rom 22 minuten.

Yn oktober 1971 ferstoar Duane Allman troch in motorûngelok. Op dat stuit wie de band dwaande mei it fjirde album “Eat a Peach”, dat hja ôfmakken mei ien gitarist (Dickey Betts) en de nije pianist Chuck Leavell. In jier letter, yn novimber 1972, ferûngelokke Berry Oakley mei syn motor op sawat it selde plak as Duane Allman. Hy waard ferfong troch Lamar Williams. Yn 1973 kaam in nij album út, “Brothers and Sisters”, dat in wat oar lûd hearre liet as de eardere albums. Dicky Betts hie mear ynfloed krigen as de ienigste gitarist en spile ek wol graach wat melodieuzere countryrock. Op “Brothers and Sisters” steane de twa bekindste ferskes fan de Allman Brothers, “Ramblin’man” en it ynstrumintale “Jessica”. Dizze ferskes binne beide skreaun troch Dickey Betts, Les Dudek spilet de twadde gitaar. “Jessica” is ek bekind wurden fan de televyzje searje “Top Gear”.

Neidat it album “Win, Loose or Draw” útbrocht wie (yn 1975) foel de band útelkoar. Hja hawwe noch in pear kear besocht om op’e nij te begjinnen, mar dat slagge pas yn 1989. Doe spilen der in tal nije muzikanten mei, wylst oaren ôfheakke hienen. Yn dy gearstalling brochten hja it album “Shades of Two Worlds” (1991) út dat goed ûntfong waard, sawol by kritisy as by it publyk. De band is trochgong oant 2014, de lêste jierren mei de gitaristen Warren Haynes en Derek Trucks, in omkesizzer fan de drummer Butch Trucks. It lêste suksesfolle studioalbum fan The Allman Brothers Band wie “Hittin’the Notes” út 2003. Yn jannewaris 2017 is Butch Truks ferstoarn en letter yn dat selde jier Greg Allman.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) The Allman Brothers Bandnovimber 1969AtcoBlack Hearted WomanIdlewild Southseptimber 1970Revival (Love Is Everywhere),Midnight RiderBrothers and Sistersaugustus 1973CapricornRamblin' Man,JessicaWin, Lose or Drawaugustus 1975Enlightened Roguesfebrewaris 1979Crazy Love,Can't Take It with YouReach for the Skyaugustus 1980AristaBrothers of the Roadaugustus 1981Straight from the HeartSeven Turns3 july 1990EpicGood Clean Fun,Seven TurnsShades of Two Worlds2 july 1991Where It All Begins3 maaie 1994Hittin' the Note18 maart 2003Sanctuary

Live-albums (kar út) Album Utbrocht op Label Single(s) At Fillmore East6 july 1971CapricornEat a Peachfebrewaris 1972Ain't Wastin' Time No More,Melissa,One Way Out (Elmore James cover)Wipe the Windows, Check the Oil, Dollar Gas novimber 1976An Evening with the Allman Brothers Band: First Set9 juny 1992EpicAn Evening with the Allman Brothers Band: 2nd Set 9 maaie 1995Peakin' at the Beacon 4 novimber 2000One Way Out23 maart 2004Sanctuary

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opBeginnings1973The Road Goes On Forever1975The Best of The Allman Brothers Band1981Dreamsjuny 1989A Decade of Hits 1969–197922 oktober 1991Hell & High Water: The Best of the Arista Years1994Legendary Hits16 april 1995 Ramblin' Man15 maaie 1995Mycology: An Anthology9 juny 1998The Best Of The Allman Brothers Band Live1998Madness Of The West20th Century Masters –The Millennium Collection:The Best of the Allman Brothers Band25 jannewaris 2000Still Rockin'26 septimber 2000Martin Scorsese Presents the Blues:The Allman Brothers Band9 septimber 2003Stand Back:The Anthology8 juny 2004The EssentialAllman Brothers Band:The Epic Years31 augustus 2004Gold11 oktober 2005Playlist Plus29 april 2008Green Series:The Best of the Allman Brothers BandTrouble No More:50th Anniversary Collection28 febrewaris 2020

Tiidline fan bandleden

Keppelings om utens Offisjeel webstee fan de Allman Brothers Band Wiidweidige ABB-dokumintaasje fan de Georgia Allman Brothers Band Association

Kategory:Amerikaanske rockband kategory:Amerikaanske bluesband kategory:Band oprjochte yn 1969 Kategory:Band opheft yn 1976 kategory:Band oprjochte yn 1978 Kategory:Band opheft yn 1982 kategory:Band oprjochte yn 1989 Kategory:Band opheft yn 2014