Baulton Paul 'Defiant' 275px Rol Underskeppingsfleantúch bommesmitersnachtjagerrêdingsfleantúch Makker Boulton Paul Aircraft Untwerper John Dudley North Earste flecht 11 augustus 1937 Yn tsjinst Desimber 1939 Ut tsjinst Tal makke 1064 Bowyer 1966, s. 11-12. grutste brûkerRoyal Air Force Oare brûkers Royal Australian Air Force Royal Canadian Air Force Poalske loftstriidkrêften yn Frankryk en Grut Brittanje Farianten thumb|left|275px

De Boulton Paul Defiant wie in Britsk jachtfleantúch ornearre foar it ûnderskeppen fan bommesmiters. It tastel tsjinne by de Royal Air Force (RAF) yn de Twadde Wrâldkriich. De Defiant waard ûntwurpen en makke troch Boulton Paul Aircraft as in "turret fighter" (in jachtfleantúch mei in geskutskoepel), sûnder nei foaren rjochte fêst geskut.

Yn de striid die bliken dat de Defiant reedlik effektyf wie yn it delheljen fan bommesmiters, mar dat er lang net opkoe tsjin de manûfrearbere Luftwaffe-jager de Messerschmitt Bf 109. It gebrek oan foarút fjurjende wapens betsjutte in grutte swakte yn loftgefjochten by deiljocht, mar it tastel kaam better ta syn rjocht yn de rol fan nachtjager.Wheeler 1992, s. 48. Doe't de modernere bettere nachtjager Bristol Beaufighter ferskynde en letter de de Havilland Mosquito wie it dien mei de fronttsjinst fan it tastel. Fan 1942 ôf waard de Defiant allinne noch brûkt foar trening fan skutters, it tôgjen fan loftdoelen, rêdingsaksjes op see en elektroanyske tsjinmaatregels (electronic countermeasures). Fan de RAF piloaten krige er de bynamme "Daffy".

Technyske gegevens Fleugelspanwiidte: 11,99 m Langte: 10,77 m Hichte: 3,45 m Fleugeloerflak: 23,23 m² Gewicht leech: 2849 kg Maks. startgewicht: 3821 kg Oandriuwing: ien V12-motor Rolls-Royce Merlin XX fan 1280 hk Heechste faasje: 504 km/o Tsjinstplafond: 9250 m Fleanberik: 748 km Bewapening: fjouwer 7,7-mm-Browning-masinegewearen (600 patroanen it stik)

Sjoch ek Bell YFM-1 Airacuda

Keppeling om utens

Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1937