Max Riemelt (Berlyn, 7 jannewaris 1984) is in Dútsk akteur. Hy hat benammen namme makke mei in rol yn de films Die Welle, Napola (Elite für den Führer) en Freier Fall, mar is dêrnjonken yn in grut tal oare produksjes te sjen. Ek spile Riemelt mei yn de Netflix-searje Sense8. Libben Riemelt waard yn Berlyn-Mitte grutbrocht en wennet dêr noch jimmeroan. Hy hat syn talint net op in toanielskoalle oanleard en die al doe't er alve wie mei oan in teatergroep fan syn skoalle. Ek wurke der yn in berneteater fan in famyljelid.

Riemelt wie foar it earst op de tillefyzje te sjen yn 1997 mei in byrol yn de twadelige útstjoering Eine Familie zum Küssen. Hy krige mear bekendheid yn 1998 troch syn haadrol yn de foar de ZDF produsearre minisearje Zwei Allein. Dêrnei folge in grut tal tillefyzje- en bioskoopprodyuksjes. Om him tenei allinnich noch oan it aktearjen ta te lizzen makke er yn 2007 syn oplieding net mear ôf en wegere er tsjinst yn de Bundeswehr. Fierder as de middelbere skoalle is er net kommen.

Ynternasjonale erkenning krige Riemelt mei syn haadrol yn it drama Napola – Elite für den Führer. Foar syn bydrage krige er de ûnderskieding fan bêste akteur op it Ynternasjonale Filmfestival yn it Tsjechyske Karlovy Vary. Op de Berlinale 2005 waard Riemelt troch de European Film Promotion as de Dútske Shooting Star fan de Europeeske films keazen.

Dennis Gansel's remake fan Die Welle mei Max Riemelt yn in haadrol waard yn 2008 de op ien nei meast súksesfolle Dútske film fan it jier. Ek spile Riemelt yn produksjes lykas Wir sind die Nacht (2010), Die vierte Macht (2012) en Freier Fall (2013). Sûnt 2015 hat Riemelt in haadrol yn de Netflix-searje Sense8. Filmografy 1997: Praxis Bülowbogen 1997: Eine Familie zum Küssen 1998: Zwei allein 1999: Wenn alle Herzen schmelzen 1999: Der Bär ist los 2000: Brennendes Schweigen 2000: Mädchen, Mädchen 2001: Mein Vater und andere Betrüger 2002: Alarm für Cobra 11 2002: Balko (ôfl. Giftzwerge) 2002: Lottoschein ins Glück 2002: Sextasy 2002: Wolffs Revier (ôfl. Au Pair) 2003: In aller Freundschaft 2003: Die Sonne anschreien 2003: Mädchen, Mädchen 2 – Loft oder Liebe 2003: Appassionata 2003: Napola – Elite für den Führer 2004: Neuland (Koarte film) 2004: Todfeinde (Koarte film) 2004: Der Rote Kakadu 2005: Das Alphateam (ôfl. Respekt) 2005: Hallesche Kometen 2005: Nachtasyl 2005: Der Untergang der Pamir 2006: Grundgesetz §19 - Stehplatz 2006: An die Grenze 2006: Mörderischer Frieden 2006: Der Kriminalist 2007: Ironman 2007: Up! Up! To the sky 2007: Tausend Ozeane 2008: Die Welle 2010: We Are The Night 2011: Tage, die bleiben 2011: Urban Explorer 2011: Playoff 2012: The Fourth State 2012: Heiter bis Wolkig 2012: The German Friend 2013: Freier Fall 2013: Blutgeld 2014: Der zweite Mann 2014: Elly Beinhorn – Alleinflug 2015: Freistatt 2015: Sense8 2017: Berlin Syndrome Keppeling om utens Max Riemelt op IMDb

Kategory:Dútsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1984