De Republyk Feneesje, formeel de Aldertrochloftichste Republyk Feneesje (Italjaansk: Serenissima Repubblica di Venezia; Fenesiaansk: Serenìsima Repùblica de Venesia) wie in ûnôfhinklike steat yn Jeropa dy't bestie fan 'e sânde iuw oant de Frânske Tiid. Dizze steat hie in mingde steatsfoarm as in oligargyske republyk mei in keazen monargy. De hearsker wie de hartoch of doge. It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de stêd Feneesje, dy't no yn noardeastlik Itaalje leit, mar dêrwei wreide de republyk him meitiid út oer eilannen en kustgebieten yn 'e Adriatyske, Ioanyske, Egeyske, Levantynske en (hiel koart) Swarte See. Hoewol't de Republyk Feneesje in lange skiednis fan oarloch en ferovering hie, is syn moderne reputaasje fierhinne basearre op syn status as ekonomyske grutmacht, benammen op it mêd fan 'e hannel en skipfeart. De republyk stie wol bekend ûnder de bynamme la Serenissima ("de Aldertrochloftichste").
Geografy It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de stêd Feneesje, dy't oan 'e fierste útein fan 'e Adriatyske See leit, oan 'e bopperâne fan 'e Lears fan Itaalje. Om't Feneesje it fan hannel oer see hawwe moast, stie de stêd lange tiid mei de rêch nei it lân ta. Al ier foelen de measte eilannen oan 'e eastkust fan Adriatyske See yn Fenesiaanske hannen, en itselde gou foar in diel fan 'e Dalmatyske kust en de Ioanyske Eilannen (wêrûnder Korfû). Fral yn 'e Renêssânse wreide de Republyk Feneesje him hurd fierder út, en hie it bgl. lange tiid it bewâld oer grutte eilannen yn 'e Egeyske en de Levantynske See, lykas Syprus, Kreta en Euboea. Omtrint dyselde tiid krige de republyk it ek foar it sizzen oer in oansjenlik gebiet oan 'e lânkant fan 'e stêd Feneesje, dêr't letter twa Italjaanske regio's út ûntstean soene: de Feneto en Friûly-Julysk Feneesje.
Skiednis Untstean De stêd Feneesje ûntstie healwei it earste milennium út in stikmannich doarpen oan 'e Golf fan Feneesje dy't almar neier gearwurken om har te ferdigenjen tsjin oanfallen fan 'e Longobarden, de Hunnen en oare ynfallers, yn 'e tiid dat it mei de macht fan it Westromeinske Ryk stadichoan fierder yn it neigean rekke. Meitiid kaam it gebiet yn 'e ynfloedsfear fan it Byzantynske Ryk (ek wol it Eastromeinske Ryk neamd), en omtrint de ein fan 'e sânde of it begjin fan 'e achtste iuw ûntjoech de Byzantynske provinsje Feneesje him ta in autonome fazalsteat. Neffens de tradysje wie de earste hartoch of doge fan 'e Republyk Feneesje in Paolo Lucio Anafesto, dy't yn 697 keazen waard, mar dy namme komt net foar yn lykfol hokker boarne fan foàr de alfde iuw, likemin as de namme fan Anafesto syn opfolger Marcello Tegalliano. Histoarikus John Julius Norwich hat suggerearre dat it hartochskip fan Anafesto eins op betizing berêst mei de Paulus dy't yn dyselde tiid eksarch fan Ravenna wie, en dat ek Tegalliano grif in eksarch fan Ravenna west hawwe moat.
Dat hoewol't de stifting fan 'e Republyk Feneesje neffens de tradisjonele skiedskriuwing yn 697 plakfûn, is it wierskynlik dat dy eins letter yn 'e tiid pleatst wurde moat. De earste doge dy't as sadanich yn kontemporêne boarnen neamd waard, wie Orso Ipato, dy't earne oan it begjin fan 'e achtste iuw yn syn amt befêstige waard troch it Byzantynske regear yn Konstantinopel. De residinsje fan 'e iere doges wie it stedsje Eraclea. Orso syn soan en opfolger Teodato Ipato ferpleatste syn machtsbasis yn 'e 740-er jierren lykwols nei Malamocco. Hy wie de earste doge (mar net de lêste) dy't om 'e nocht besocht en stiftsje in erflike dynasty. Under it regear fan Teodato bestiene der trije ûnderling tsierende faksjes yn Feneesje, dy't nauwere bannen mei it Byzantynske Ryk, resp. it Frankyske Ryk en it Keninkryk fan de Longobarden foarstiene.
Nei't de Byzantynske en Frankyske keizers by de Pax Nicephori fan 803 fêststeld hiene dat Feneesje ta de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk hearde, bettere de partijstriid yn 'e jonge republyk oer. Iuwen letter soene de Fenesianen úthâlde dat by dat ferdrach de facto de Fenesiaanske ûnôfhinklikheid erkend wie. Moderne histoarisy fine dy bewearing lykwols twifelich; yn 807 sylde der noch in Byzantynske float nei Feneesje dy't de doge ôfsette en ferfong troch in Byzantynske gûverneur. Mar hoe't it ek sij, yn 'e folgjende pear hûndert jier ûntwikkele de stêd Feneesje him ta syn moderne foarkommen. Benammen doge Agnello Participazio (reg. 811-827) hie dêr in grutte hân yn. Hoewol't er berne wie yn Eraclea, fêstige er him al ier yn Rialto (in wyk fan 'e stêd Feneesje), en ûnder syn hearskippij wreide Feneesje him út nei de see troch de oanlis fan brêgen, grêften, kanalen, bolwurken en oare fortifikaasjes, en boppe-al stiennene gebouwen.
Agnello waard opfolge troch syn soan Giustiniano Participazio (reg. 827-829), dy't bretaalwei it stoflik omskot fan 'e hillige Markus de Evangelist út it Egyptyske Aleksandrië stiel, en dyselde ta patroanhillige fan Feneesje makke. Under it regear fan Pietro Tradonico (reg. 837-864) begûn Feneesje him foar it earst te fêstigjen as militêre macht fan betsjutting. Dat wie it begjin fan 'e iuwenlange dominânsje troch Feneesje fan 'e Adriatyske See, dy't de Fenesianen al rillegau as harren thúswetters begûnen te beskôgjen. De marine dy't troch Tradonico opboud waard, ferjage Saraseenske seerôvers út 'e Adriatyske See, en weefde ek ôf mei Slavyske piraten út wat no Kroaasje is.
Midsiuwen Yn 'e Hege Midsiuwen ûntjoech de Republyk Feneesje him ta in tige wolfarrende steat troch syn behearsking fan 'e hannel tusken West-Jeropa en de Levant. Dêrby waard net inkeld 'normale' waar ferhannele, mar ek slaven. (Noch tusken 1414 en 1423 waarden der mear as 10.000 slaven yn Feneesje ferkocht, foar it meastepart kreaze jonge froulju dy't ôfkomstich wiene fan 'e Balkan.) Yn 1084 fierde doge Domenico Selvo persoanlik in float oan tsjin 'e Wytsingen, mar hy waard ferslen en ferlear njoggen grutte galeien. Feneesje wie ek al fan it begjin ôf oan belutsen by de Krústochten. Oan 'e Earste Krústocht (1095-1099) droech de republyk bgl. twahûndert skippen by, en de Fenesianen spilen doe in wichtige rol by de ferovering fan 'e havenstêden yn wat no Syrje en Libanon is. Yn 1110 joech doge Ordelafo Faliero persoanlik lieding oan in Fenesiaanske float fan hûndert skippen dy't kening Boudewyn I fan Jeruzalim en kening Sigurd I fan Noarwegen holp by de bemastering fan 'e stêd Sidon. Yn 'e tolfde iuw wûn Feneesje ek grutte hannelsprivileezjes yn it Byzantynske Ryk, trochdat de republyk de Byzantinen by ferskate gelegenheden fan in float foarseach.
Op oare fronten moasten de Fenesianen yn dy snuorje lykwols ferliezen ynboeke. Sa briek der yn 1183 yn 'e Dalmatyske havenstêd Zadar (Italjaansk: Zara) in súksesfolle opstân út tsjin 'e Fenesiaanske oerhearsking. Zadar pleatste himsels neitiid ûnder de twafâldige beskerming fan 'e paus fan Rome en kening Emmerik fan Hongarije. Yn 1201 erkende de stêd de kening fan Hongarije as soeverein. Underwilens wie der yn it Byzantynske Ryk grutte oergeunstigens op 'e Fenesiaanske wolfeart ûntstien, en yn 1182 briek yn Konstantinopel in fûleindige anty-Westerske opskuor út, dy't de foarm fan in pogrom oannaam dêr't fral Fenesianen it slachtoffer fan waarden. Doe't de troanpretendint Andronikus I Komnenos de stêd binnentriek, waarden boppedat Fenesiaanske eigendommen fan oerheidswegen yn beslach nommen, en eigners sels yn it tichthûs smiten of ferballe. Feneesje wie lulk en fernedere, en sinde op wraak.
De foaroanmannen fan 'e Fjirde Krústocht (1202-1204) sleaten in kontrakt mei Feneesje foar de levering fan in float, dy't de kristlike troepen nei de Levant bringe soe. Doe't de krúsfarders lykwols net genôch jild byinoar krije koene om foar it ferfier te beteljen, bea de bline doge Enrico Dandolo fergees transport oan, as de krúsfarders ûnderweis Zadar eefkes foar Feneesje weromferoverje koene, mei't dy stêd foar Fenesiaanske oanfallen te sterk fortifisearre bleken wie. Nei't de krúsfarders har dêrfoar brûke litten hiene, soarge Dandolo der lykwols foar dat de krústocht op 'e nij omlaat waard, diskear nei Konstantinopel, om 'e wraak te nimmen foar anty-Fenesiaanske opskuor en konfiskaasjes fan 1282.
De ferovering en dêropfolgjende Plondering fan Konstantinopel is wol omskreaun as de meast winstjaande en tagelyk de meast beskamsume plondering fan in stêd yn 'e skiednis fan 'e minskheid. De Fenesianen makken oanspraak op in grut diel fan 'e bút, wêrûnder de ferneamde brûnzene hynders út it Hippodroom-stadion, dêr't neitiid yn Feneesje de Basilyk fan de Hillige Markus mei fersierd waard. Fierders wist de Republyk Feneesje troch de opdieling fan it ferovere part fan it Byzantynske Ryk in protte oan grûngebiet te winnen, benammen yn 'e krite fan 'e Egeyske See, wêrûnder de grutte eilannen Kreta (Italjaansk: Candia) en Euboea (Italjaansk: Negroponte). Al mei al besloech it troch Feneesje bemastere gebiet trije-achtste diel fan it hiele doetiidske Byzantynske Ryk. De Egeyske eilannen kamen it Fenesiaanske Hartochdom Naksos te foarmjen. Hoewol't it Byzantynske Ryk yn 1261 út ferskate restantsteatsjes weroprjochte waard troch keizer Michael VIII Palaiologos, wist it nea wer syn eardere macht en oansjen werom te winnen en gie it úteinlik yn 1453 by de Fal fan Konstantinopel te sink yn 'e striid tsjin 'e Osmaanske Turken.
Doe't in oare Italjaanske hannelsrepublyk, de Republyk Genua, de hegemony fan Feneesje yn it Eastlik Bekken fan de Middellânske See nei de kroan begûn te stekken, brieken der fijannichheden út. Yn 1295 stjoerde doge Pietro Gradenigo in float fan 68 skippen om 'e Genueeske float by Aleksandretta (it hjoeddeiske Iskenderun) oan te fallen. Yn 1299 waard nochris in float fan hûndert skippen útstjoerd tsjin 'e Genuëzen. Tusken 1350 en 1381 fierden de beide republiken oanhâldend oarloch, sij it mei út en troch ris in tuskenskoft. Hoewol't de Fenesianen earst slimme nederlagen ynkassearje moasten, ferneatigen se yn 1380 yn 'e Slach by Chioggia frijwol de hiele Genueeske float, sadat se yn it Middellânske-Seegebiet noch iuwenlang foar master opslaan koene yn it neidiel fan it yn ferfal reitsjende Genueeske Ryk. Yn 1363 ferlear Feneesje troch de Opstân fan Sint Titus, wêrby't pleatslike Kretinzyske eallju gearwurken mei ûntefreden Fenesiaanske kolonisten, de hearskippij oer Kreta. Pas nei fiif jier striid, yn 1368, koe de opstân folslein de kop yndrukt wurde.
Renêssânse Yn 'e iere fyftjinde iuw begûn de Republyk Feneesje him ek op it Italjaansk Skiereilân út te wreidzjen. Dat wie in reäksje op 'e ekspânsjedriuw fan Giangaleazzo Visconti, de hartoch fan Milaan, dy't war die om hast hiel noardlik Itaalje ûnder syn bewâld te bringen. Feneesje koe dat net oer syn kant gean litte om't de behearsking fan 'e hannelsrûtes dy't oer lân nei de Alpenpassen laten (en dêrwei nei it Hillige Roomske Ryk) fan krúsjaal belang wie foar de republyk. Tsjin 1410 hie Feneesje sadwaande it meastepart fan it gebiet beset dat no de Feneto foarmet, ynklusyf stêden dy't earder min ofte mear selsstannich west hiene, lykas Padua en ek Verona, dat syn trou en ûnderhearrigens oan Feneesje yn 1405 fêstlei yn 'e saneamde Devoasje fan Verona.