De Republyk Ragûsa (Latyn: Respublica Ragusina; Italjaansk: Repubblica di Ragusa; Dalmatysk: Republica de Ragusa; Kroätysk: Dubrovačka Republika) wie foarhinne in lytse maritime hannelsrepublyk oan 'e Adriatyske kust fan Dalmaasje, mei as sintrum de stêd Ragûsa, it tsjintwurdige Dubrovnik, yn Kroaasje. Dizze stêdsteat ûntstie yn 1358 as in fazalsteat fan it Keninkryk Hongarije, mar yn 1458 gie it in fazalrelaasje mei it Osmaanske Ryk oan. Nettsjinsteande dy formele status kin Ragûsa as in ûnôfhinklik lân beskôge wurde, mei't noch Hongarije, noch it Osmaanske Ryk him in protte om it bestjoer fan 'e republyk bekroade. Ragûsa berikte grutte wolfeart troch him ta te lizzen op skipfeart en hannel, mei in hichtepunt yn 'e fyftjinde en de sechstjinde iuw. Dêrnei rekke it mei de ekonomy yn 'e nederklits. Under de Napoleontyske Oarloggen moast Ragûsa him yn 1806 oerjaan oan 'e Frânsen, dy't yn 1808 de republyk opheften, wêrnei't it gebiet by it Napoleontyske Keninkryk Itaalje foege waard.
Namme De namme fan 'e stêd en de dêrnei ferneamde republyk wie Ragusa yn 'e Romaanske talen, wêrûnder net inkeld it Latyn en it Italjaansk, mar ek it yn Dalmaasje (en Dubrovnik) lânseigen Dalmatysk, dat omtrint 1900 útstoar. Ek histoarysk waard Dubrovnik iuwenlang Ragusa (Ragûsa) neamd. 'Ragusa' giet fia in protte tuskenfoarmen (Rausia, Rausium, Rhagusium, Ragusium, ensfh.) werom op it Grykske ξαυ, xau, dat "steile rotswand" betsjut. Yn it Kroätysk is (en wie altyd) 'Dubrovnik' de namme fan sawol stêd as republyk, dat ôflaat is fan it wurd dubrava, dat "ikebosk" betsjut. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch kaam de stêd ek ynternasjonaal bekend te stean as Dubrovnik.
Geografy De grinzen fan 'e Republyk Ragûsa waarden yn 1426 fêststeld. It steatsje besloech in diel fan it fêstelân fan Dalmaasje, rinnend fan it plak Neum yn it noardwesten oant en mei it skiereilân Prevlaka oan 'e kust fan 'e Baai fan Kotor, yn it súdeasten. Dêrta hearde ek it grutte skiereilân Pelješac, dat in hiel ein foarby Neum nei it noardwesten ta útstiket. De havenstêd Ragûsa (Dubrovnik) leit likernôch healwei Neum en Prevlaka. Behalven dy kuststripe fan it fêstelân omfieme de Republyk Ragûsa ek de gruttere eilannen Mljet en Lastovo yn 'e Adriatyske See, mei dêropta in grut tal lytsere eilantsjes, wêrûnder Koločep, Lopud en Šipan. Mljet en Lastovo wiene semy-autonoom.
Fierders behearske Ragûsa yn 'e fyftjinde iuw acht jier lang ek de mear nei it noardwesten ta leine eilannen Korčula, Brač en Hvar, dy't it lykwols wer opjaan moast oan Feneesje fanwegen it ferset fan 'e pleatslike aristokrasy, dy't Fenesiaanske sympatyen hie. Ragûsa wie yn 1699 twongen om Neum, op it fêstelân, oan it Osmaanske Ryk te ferkeapjen om net yn in oarloch tusken de Osmanen en de Fenesiërs bestrûpt te reitsjen. Dat gebiet waard tafoege oan 'e Osmaanske provinsje Hertsegovina, en heart sadwaande tsjintwurdich ta Bosnje-Hertsegovina, wêrfan't it de iennichste tagong nei de see is. De lângrins fan 'e Republyk Ragusa bestiet noch altyd en foarmet no in diel fan 'e grins fan Kroaasje mei Bosnje-Hertsegovina en de grins fan Kroaasje mei Montenegro.
Skiednis Oarsprong De stêd Ragûsa (Dubrovnik) soe yn 'e sânde iuw stifte wêze. De ierste politike sitewaasje is ûndúdlik, mar yn elts gefal kaam de stêd nei de fal fan it Ostrogoatysk Keninkryk yn Itaalje binnen de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk. Nei de Krústochten kaam Dubrovnik fan 1205 oant 1358 ûnder de soevereiniteit fan 'e Republyk Feneesje, dêr't it neitiid syn eigen steatsynrjochting op basearre. By it Ferdrach fan Zadar, op 27 juny 1358, waard Feneesje lykwols twongen om alle oanspraken op it fêstelân fan Dalmaasje op te jaan oan it Keninkryk Hongarije. Ragûsa waard doe in selsstannige republyk ûnder de mylde hegemony fan kening Loadewyk I fan Hongarije. De Hongaren bekroaden har lykwols amper om it nije fazalsteatsje, sadat de pleatslike aristokrasy de macht fêst yn 'e hannen krige.
Yn 1399 krige Ragûsa troch in oankeap fan kening Steffen Ostoja fan Bosnje it gebiet yn 'e hannen tusken de stêd Ragûsa sels en it skiereilân Pelješac, dat yn it Kroätysk de Dubrovačko Primorje ("Ragûsaanske Kust" of "Kust fan Dubrovnik") hjit. In koarte oarloch mei Bosnje einige yn 1403 mei de folsleine ôftocht fan 'e Bosniërs út Dalmaasje. Tusken 1419 en 1426 kaam ek de Konavle-regio, súdeastlik fan 'e stêd Ragûsa, mei ynbegryp fan it lytsere stedsje Cavtat, by de republyk te hearren. Om dyselde snuorje hinne waard de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Ragûsa herfoarme troch kardinaal Ivan Stojković (of Jehannes fan Carvatia).
Heechtijdagen Yn 1458 sleat Ragûsa in ferdrach mei it almar machtiger wurdende Osmaanske Ryk, dat fan 'e republyk in Osmaanske fazalsteat makke. Fan dy tiid ôf moast Ragûsa op jierlikse basis (foàr 1 novimber) skatting oan 'e Osmaanske sultan yn Konstantinopel betelje. Fan 1481 ôf waard de skatting ferhege ta 12.500 dukaten. Ofsjoen dêrfan wie de republyk lykwols yn alle opsichten in ûnôfhinklike steat, dy't in eigen flagge fierde, sels diplomatike relaasjes mei oare steaten ûnderhold en op eigen manneboet ynternasjonale ferdraggen slute koe salang't dy net tsjin 'e belangen fan it Osmaanske Ryk yngiene. Binnen it Osmaanske Ryk hiene Ragûsaanske keaplju in befoarrjochte posysje foar oare kristlike hannelers oer, mei spesjale ûntheffings fan belesting en privileezjes om hannel te driuwen op plakken dêr't oare kristenen dat net mochten, lykas oan 'e kusten fan 'e Swarte See. Yn ruil dêrfoar behertige de Republyk Ragûsa de Osmaanske belangen op it mêd fan 'e hannel yn it gebiet fan 'e Adriatyske See. Yn tiden fan oarloch fierde Ragûsa sûnder útsûndering in polityk fan neutraliteit.
Yn 'e fyftjinde en sechstjinde iuw ûntjoech Ragûsa him ta in wichtige hannelsmacht yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See, wêrby't it op syn hichtepunt as talassokrasy grutmachten as Feneesje en Genua nei de kroan stiek. Yn dy tiid ûnderhold Dubrovnik in bûnsgenoatskip mei Ancona, dat oan 'e Adriatyske kust fan 'e Lears fan Itaalje leit, en tegearre setten de beide stêden in hannelsrûte op dy't út it Osmaanske Ryk fia Ragûsa nei Ancona rûn, en dêrwei oer Florâns en troch Frankryk nei Flaanderen ta. Dy rûte waard brûkt as alternatyf foar de âldere hannelswei fan it Osmaanske Ryk nei Feneesje en dêrwei oer Alpen nei Dútslân. Oarsom kaam ek in protte hannelswaar út Florâns fia Ancona nei Ragûsa ta, dêr't it wei trochferhannele waard fia de lânrûte oer Bosnasaray (Sarajevo), Novibazar (Novi Pazar), Skopje, Plovdiv en Adrianopel (Edirne), om úteinlik oan te kommen yn Konstantinopel en yn Bursa, in Osmaanske havenstêd oan 'e noardwestkust fan Anatoalje.
Yn 'e mande mei de Republyk Genua, it Keninkryk Ingelân en de Kroan fan Aragon wie Ragûsa ien fan 'e grutste konkurrinten fan 'e Republyk Feneesje, sels yn 'e Adriatyske See, dy't de Fenesianen as har thúswetters seagen. Tanksij de neite fan 'e útstrutsen ikebosken fan Gargano koe Ragûsa safolle keapfardijskippen bouwe, dat it de Fenesianen hannel ûntnimme koe. Doe't Ragûsa syn keapfardijfloat yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw ta beskikking fan Spanje stelde, wie dat ûnder it betingst dat dêrmei gjin skea tabrocht wurde soe oan 'e belangen fan it Osmaanske Ryk. Spanje stimde dêrmei yn en ek de Osmanen lieten it gewurde, mei't der doe fia Ragûsa hannel dreaun wurde koe mei lannen dêr't it Osmaanske Ryk mei yn oarloch ferkearde.
Ferfal Fan 'e santjinde iuw ôf rekke it mei de ekonomy fan 'e Republyk Ragûsa stadichoan yn it neigean. Dat waard benammen feroarsake trochdat West-Jeropa tsjin dy tiid it meastepart fan syn hannelswaar streekrjocht út 'e Oriïnt helle troch de eigen keapfardijskippen dêrhinne farre te litten om Kaap de Goede Hoop hinne. Dêrtroch hie men dus gjin ferlet mear hie fan tuskenhannelers lykas de Ragûsanen en de Fenesianen. Dêrby kaam noch de jammerdearlike ierdbeving fan 1667, dêr't mear as 5.000 ynwenners fan 'e stêd it libben by lieten en dy't it grutste part fan 'e gebouwen mei de grûn lyk makke. Neitiid waard de stêd stadichoan wer opboud, mar de ferwuostging betsjutte it begjin fan 'e ein foar de republyk.
Yn 1677 krige de Osmaanske grutfizier Kara-Mustafa it yn 'e holle om 'e Republyk Ragûsa te anneksearjen, en in Ragûsaanske delegaasje ûnder lieding fan Marin Caboga en Nikola Bunić koe him dat net ûntprate. Krektoarsom: de grutfizier wie sa ûnder de yndruk fan Caboga syn wolsprekkendheid dat er de man finzen sette liet om Ragûsa sa'n kundich diplomaat te ûntnimmen. Yn 1683 kaam Kara-Mustafa lykwols om by it Belis fan Wenen ear't er syn plannen oangeande Ragûsa yn 'e praktyk bringe kinnen hie. (Caboga waard neitiid frijlitten en nei hûs ta stjoerd.) It Eastenrykske leger dat dielnaam oan it ûntset fan Wenen waard oanfierd troch fjildmaarskalk Frano Ðivo Gundulić, dy't berne wie yn Ragûsa. Neitiid akseptearre Ragûsa yn 1684 njonken de Osmaanske soevereiniteit ek de oerhearskippij oer de republyk fan 'e Habsburchske hearskers fan Eastenryk yn dy harren hoedanichheid as keningen fan Hongarije. (Sa'n bestjoerlike konstruksje mei twa masters, in kondominium, wie yn dy tiid net ûngewoan.) Dat hie as foardiel dat de keapfardijfloat fan Ragûsa yn kristlike havens tenei ûnder beskerming fan 'e Eastenrikers stie.
Ein fan 'e republyk Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw briek der foar de Republyk Ragûsa in koarte perioade fan nije wolfeart oan. Om't de Ragûsanen neutraal wiene en sadwaande oeral telâne koene, ûntjoech harren keapfardijfloat him ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje en de dêropfolgjende Napoleontyske Oarloggen ta ien fan 'e wichtichsten fan it hiele Middellânske-Seegebiet. Nei't Napoleon it Kontinintaal Stelsel ynfierd hie, in hannelsblokkade tsjin Grut-Brittanje, waard Ragûsa ek wichtich as trochfierhaven fan Britsk guod nei it Jeropeeske fêstelân en fan Jeropeeske waren nei Grut-Brittanje. Doe't Eastenryk yn 1806 nei de ferlerne Trijekeizersslach by Austerlitz twongen wie om hiel Dalmaasje ôf te stean oan Frankryk, kaam Ragûsa lykwols yn 'e knipe.
Oer lân marsjearre in Frânsk leger op, ûnder lieding fan generaal Gabriel Jean Joseph Molitor, wylst der foar de kust in Russyske float ferskynde, dy't stipe waard troch it leger Peter I Petrović-Njegoš, de prinsbiskop fan Montenegro. Nei lang wifkjen besleaten de Ragûsanen de poarten te iepenjen foar de Frânsen, om in ein te meitsjen oan de bombardeminten troch de Russen en Montenegrinen, dy't yn dy snuorje mear as 3.000 kanonskûgels op Ragûsa ôfsketten hiene. Hoewol't Napoleon oarspronklik inkeld in frije trochtocht foar syn troepen easke hie, waard letter de haven blokkearre oant it regear fan Ragûsa ynstimde mei de Frânske besetting fan 'e republyk. Yn 1808 ferklearre maarskalk Auguste de Marmont de Republyk Ragûsa foar opheft, wêrnei't it grûngebiet fan 'e Ragûsa ynkorporearre waard yn it (Napoleontyske) Keninkryk Itaalje. Yn 1810 kaam it as ûnderdiel fan 'e saneamde Illyryske Provinsjes ta Frankryk sels te hearren. Marmont krige de titel 'hartoch fan Ragûsa' taparte, en doe't er yn 1814, ûnder de Slach om Parys, oerrûn nei de Alliëarden, kaam it haadwurd ragusade yn it Frânsk "ferrie" te betsjutten en it tiidwurd raguser "ferriede".