Paul Tissandier (19 febrewaris 1881 – 11 maart 1945)Champagne|Berceau De L'Aviation Du Monde sjoen 29 septimber, 2017 wie in Frânsk fleander út de pioniersdagen fan de loftfeart.

Biografy Tissandier wie in soan fan fleander Gaston Tissandier (1843–1899) en neef fan Albert Tissandier, Gaston's broer.

Tissandier begûn syn karriêre as hjitte-luchtballonpiloat. Letter gie er oer op loftskippen en úteinlik fleantugen.Early Aviator - Tissandier Hy wie in learling fan de Amerikaan Wilbur Wright.Pedro Amaral - Aviation Postcards Yn 'e mande mei greve Charles de Lambert Yn 1920 rjochte er yn 1920 it earste glydboatefabryk fan de wrâld op yn Nanterre.

De Aero Club Paul Tissandier út Saint-Cyr-l'École waard nei him ferneamd.Aero Club Paul Tissandier

Paul Tissandier Diploma It Paul Tissandier Diploma is in ynternasjonale priis dy't yn 1952 yn it libben roppen waard troch de Fédération Aéronautique Internationale ta oantins fan Tissandier dy't ponghâlder fan de FAI fanôf syn stichting oant 1919 en sekretaris-generaal fan 1913 oant 1945 wie. It diploma is ornearre foar persoanen dy't troch harren inisjatyf, wurk en tawijing de fleanderij foarút holpen hawwe, benammen de privee- en sportfleanderij.FAI - Tissandier Diploma

Keppelings om utens Les berceaux de l'aviation Paul Tissandier sur un biplan Wright Webside fan l'Aéroclub Paul Tissandier Parsefotoos fan Paul Tissandier op Plateforme Isidore

Kategory:Frânsk loftfeartpionier Kategory:Frânsk piloat Kategory:Frânsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1945