De Slach om de Skelde wie in militêre operaasje yn it noarden fan Belgje en it súdwesten fan Nederlân oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich. De alliearden woenen de Skelde frij fan Dútske striidkrêften meitsje, sadat Antwerpen de wichtichste oanfierhaven foar de alliearde legers wurde soe. De stêd Antwerpen wie foar Operaasje Market Garden al befrijd, mar it gebiet fan de Skeldeútrin oant de stêd noch net.
Nei fiif wiken fjochtsjen waard de slach wûn troch de Kanadezen, Poalen en Britten fan it Kanadeeske 1ste Leger. Trije wike letter waard de haven fan Antwerpen iepene foar de alliearde skipfeart. Hoewol't dizze slach net hiel ferneamd is, wie hy fan grut belang om de alliearde legers fan foarrieden te foarsjen wêrmei't de operaasje op it front yn West-Jeropa trochsetten wurde koe.
Kategory:Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Militêr treffen yn 1944 Kategory:Militêr treffen fan Dútslân Kategory:Militêr treffen fan Nederlân Kategory:Militêr treffen fan Kanada Kategory:Militêr treffen fan Belgje Kategory:Militêr treffen fan Noarwegen Kategory:Militêr treffen fan Poalen Kategory:Militêr treffen fan it Feriene Keninkryk Kategory:Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Belgje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kanada yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Poalen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Feriene Keninkryk yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Noarwegen yn de Twadde Wrâldkriich