thumb|Franz von Papen by de Prosessen fan Neurenberch (1946)

Franz von Papen (Werl, 29 oktober 1879 - Obersasbach, 2 maaie 1969) wie in Dútsk politikus. Hy wie fan juny oant desimber 1932 rykskânselier en fan jannewaris 1933 oant july 1934 fise-kânselier yn it Kabinet-Hitler. Dêrnei wie er oant de fal fan it Tredde Ryk diplomaat.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie Von Papen ien fan de fertochten by de prosessen fan Neurenberch, dêr't er fan alle oanklachten frijsprutsen waard. Op 24 febrewaris 1947 waard er lykwols troch in ûntnazifisearringsrjochter as "haadskuldige" oanwiisd en feroardiele ta acht jier twangarbeid.

Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Dútsk spion Kategory:Dútsk diplomaat Kategory:Dútsk ambassadeur Kategory:Dútsk amtner Kategory:Dútsk politikus Kategory:Dútsk konservatyf Kategory:Dútsk minister Kategory:Rykskânselier fan Dútslân Kategory:Fise-kânselier fan Dútslân Kategory:Premier fan Prusen Kategory:Ridder yn de Oarder fan Malta Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan berne yn 1879 Kategory:Persoan stoarn yn 1969