It Praachoffinsyf wie de lêste grutte militêre operaasje fan it Reade Leger oan it Jeropeeske eastfront yn de Twadde Wrâldkriich. De slach duorre fan 6 oant en mei 11 maaie 1945, wylst Dútslân op 8 maaie al kapitulearre.

De slach Nei de fal fan Berlyn op 2 maaie 1945 begûn op 5 maaie de opstân fan de Praachske befolking tsjin de Dútske besetter. Yn de nacht fan 5 op 6 maaie frege hja om help fan de alliearden, en dy kaam as earste fan it 1ste Oekraynske Leger, dat op 7 maaie it Ertsberchtme berikte en in dei letter de stêd Dresden folslein yn hannen hie.

Yn de nacht fan 8 op 9 maaie binne ienheden fan it 1ste Oekraynske Leger 80 kilometer fierder kommen en dy koenen moarns mei help fan partisanen de Tsjechoslowakyske haadstêd besette. Dêrmei waarden de wichtichste Dútske striidkrêften benoarden Praach ynsletten. Op 10 en 11 maaie jûgen de Dútsers harren oer en gongen hja yn kriichsfinzenskip.

It Reade Leger en de Amerikanen koenen op 10 maaie by Chemnitz en op 11 maaie by Budweis eltsoar de hân jaan.

Kategory:Praach Kategory:Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Militêr treffen yn 1945 Kategory:Militêr treffen fan Dútslân Kategory:Militêr treffen fan de Sovjet-Uny Kategory:Militêr treffen fan Tsjechoslowakije Kategory:Militêr treffen fan Poalen Kategory:Militêr treffen fan Roemeenje Kategory:Skiednis fan Tsjechoslowakije Kategory:Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Tsjechje yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Poalen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Sovjet-Uny yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Roemeenje yn de Twadde Wrâldkriich