Jan Kuiler (Utert, 22 maart 1883 - Amsterdam, 2 augustus 1952), yn fakliteratuer meast J. Kuiler neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt.

Libben en wurk Kuiler wie foaral aktyf yn it noarden fan it lân, meast tegearre mei syn fakgenoat Lucas Drewes (1870-1969), mei wa't er yn Grins fan 1916 ôf oan it arsjitekteburo Kuiler en Drewes hie. Tegearre ûntwurpen se in soad filla's, bûtenpleatsen, fabriken en tsjerken, lykas de Oosterkerk yn Grins. Ek it Puddingfabryk dêre is fan harren hân. Ferskate bouwurken fan Kuiler en Drewes binne oanwiisd as ryks- of gemeentlik monumint.

Jan Kuiler wie in soan fan de Utertske arsjitekt M.E. Kuiler (1859-1937). Ek syn neef J.E.K. Kuiler (1883-1957) wie arsjitekt.

Wurk (in kar) 1898: Grifformearde tsjerke, Sauwerd Historische Kring Ubbega - Het Groninger Orgelbezit van Adorp tot Zijldijk (Kerkstraat 12, Sauwerd) 1913: Hearehûs oan de Hearewei yn Grins (sûnder L. Drewes) CWK Gemeente Groningen, object 101099 (gemeentlik monumint, Hereweg 114, Grins) 1913: Filla oan de Rijksstraatweg, Haren (Rijksstraatweg 290, Haren)Havik, Ir. P.W. (1999) Bouwkunst in Haren. Rijksmonumenten in de gemeente Haren. Harener historische reeks (12). Haren: Boomker & Savenije. ISBN 90 71809 50 1It pân is yn 1925 ferboud, ek neffens in plan fan Kuiler en Drewes. 1914: Foarhûs fan fillapleats Groot Hoijsum, Warffum (sûnder L. Drewes) 1917: Grientekonservefabryk Hunsingo, Winsum Informatiebulletin Historische Vereniging Winsum, 11de jiergong, nr 2, novimber 2006 - Groentenconservenfabriek Hunsingo (Trekweg, Winsum) 1920: Noorderkerk, Grins Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Akkerstraat 28, Grins) 1921: Went oan de Weg voor de Jagerskampen, Haren RCE - Rijksmonument 513863 (Weg voor de Jagerskampen 3, Haren) 1922: Filla De Jagerskampen, Haren (yn 1931 ferboud, opnij troch Kuiler & Drewes) RCE - Rijksmonument 513852 (Weg voor de Jagerskampen 30, Haren) 1923: Odd Fellowhuis, Grins RCE - Rijksmonument 513847 (W.A. Scholtenstraat 21, Groningen) 1923-1924: Bankgebou oan de Vismarkt, Grins RCE - Rijksmonument 486673 (Vismarkt 54-54a, Grins) 1927-1929: Oosterkerk, Grins RCE - Rijksmonument 483654 (S.S. Rosensteinlaan 22-23, Grins) 1930: Filla oan de Terborgsteeg, Haren RCE - Rijksmonument 513851 (Terborgsteeg 4, Haren) 1930: Filla oan de Westerse Drift, Haren RCE - Rijksmonument 513849 (Westerse Drift 95, Haren) 1931: Dûbel lânhûs oan de Hondsruglaan/Quintuslaan, Grins RCE - Rijksmonument 484251 (Hondsruglaan 21/Quintuslaan 15, Grins) 1931: Puddingfabriek A.J. Polak, Grins 1931: Earder Joadsk bejaardehûs Beth Zekenim, Grins CWK Gemeente Grins, objekt 103240 (gemeentelijk monument, Schoolholm 26-28, Groningen) 1931: Filla De Dobbe, Haren RCE - Rijksmonument 513847 (Ryksstrjitwei 381, Haren) 1931: Filla Lindenhof, Haren RCE - Rijksmonument 513850 (Julianaleane 11, Haren) 1936: Filla oan de Dilgtweg, Haren RCE - Rijksmonument 513847 (Dilgtweg 6, Haren) 1950: Herfoarme tsjerke, Wapenveld Orgelcommissie Wapenveld - Aankoop orgel (Kwartelweg 9, Wapenveld) 1952: Immanuëltsjerke, Capelle aan den IJssel Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Fresiastraat 2, Kapelle oan de Isel) 1954: Grifformearde tsjerke, Houwersyl Bisdom Haarlem - Onderzoek herbestemming kerken en kerklocaties (Hoofdstraat 1b, Houwersyl)

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1952