thumb|De Iselliny, yn 't ljochtblau it gebiet dat ûnder wetter set wurde moast. De Iselliny wie in militêre ferdigeningsliny dy't tusken 1951 en 1954 oan 'e Isel lein waard om Nederlân te beskermjen tsjin in lânynvaazje. Ek al wie by de Dútske oanfal op Nederlân fan 1940 al dúdlik wurden dat de Isel fan ôfgryslik grut belang wie by it ferdigenjen fan Nederlân, waard pas yn 'e Kâlde Kriich besletten ta de bou fan in slutende ferdigeningsliny.

Nederlân wie nei de Twadde Wrâldkriich benaud foar in Russyske ynfal om't de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk harren striidkrêften flink lytser makke hienen en de FS in ôfwachtsjende hâlding hienen tsjinoer in mooglike Russyske oanfal.

Keppelings om utens Stichting De IJssellinie Foto's fan de tastân yn Arnhim

Kategory:Kâlde Kriich Kategory:Festingwurk yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Oerisel Kategory:Bouwurk yn Gelderlân Kategory:Bouwurk út 1954