English Electric Lightning 275px Rol Underskeppingsjager Makker English Electric Earste flecht 4 augustus 1954 Yn tsjinst Desimber 1959 Ut tsjinst Tal makke 337 (protypes meirekkene) Brûkers Royal Air Force, Kuwait Air Force, Royal Saudi Air Force Bewapening (ôfhinklik fan de ferzje) 2x loft-loftraketten en 2x 30mm-Adenkanon De English Electric Lightning, letter BAC Lightning neamd, wie in twamotorige supersoanyske ûnderskeppingsjager fan de britske fabrikant English Electric. De masine tsjinne fan 1959 oant 1988 by de Royal Air Force, de loftmacht fan Saûdy-Araabje en dy fan Kûweit. It wie de iennige Britske jager dy't flugger as mach 2 fleane koe en wie de Britske tsjinhinger fan de Lockheed F-104 Starfighter yn de Kâlde Kriich.

Yn dy perioade waard de Lightning wit hoe folle kearen ynset by ûnderskeppingsaksjes tsjin heech ynfleanende Russyske fleantugen dy't de NAFO loftferdigening teste woene. It tastel hat lykwols nea oan gefjochtsaksjes meidien.

Der waarden totaal 339 fan boud; dêrfan binne sa'n tsien bewarre bleaun. Dy steane yn museums of by de yngong fan in fleanbasis.

Technyske gegevens thumb|BAC Lightning F Mk.6 thumb|Cockpit Lightning F.Mk.3 Langte 16,84 m Spanwiidte 10,62 m Hichte 6,40 m Fleugeldraachflak 35,31 m² Hoeke fan de fleugels 60° Maks. startgewicht 19.000 kg Motors 2 × TL Rolls-Royce Avon; 5.990 kp, 7.530 kp mei neiferbaarnder Maks. faasje 2450 km/o op 12.000 m Krúsfaasje 950 km/o Stiichfaasje 254 m/s Tsjinstplafond 18.300 m Fleanberik 2000 km Start-/lâningsbaan nedich 960 m Bemanning 1 piloat

Keppelings om utens Lightning Page Thunder & Lightnings BAC Lightning Info Lightning Association

Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1954