It Wite Tsjerkje (Witte Kerkje) is de eardere Herfoarme tsjerke fan Gruttegast, Grinslân. Yn 2018 is de tsjerke troch de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken fan de PKN-gemeente Gruttegast-Sebaldebuorren oernommen.

De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke en yn 'e santjinde iuw boud. Yn 1829 waard de tsjerke hielendal ferboud en krige doe it hjoeddeiske oansjen. De sydmuorren en eftermuorre hawwe grutte rûnbôgefinsters. Yn 'e foargevel sitte trije rûne finsters. Op it wytpleistere tsjerkje stiet in 19e-iuwske dakruter, dêr't in klok fan 1983 yn hinget. De âldere klok út 1611 is skuord en kin net mear brûkt wurde.

Yn 'e jierren 2004-2005 waard de tsjerke restaurearre. Doe binne der nije banken yn set en krige de tsjerke in preekstoel út Appelskea. De tsjerke wurdt brûkt foar lytsere gearkomsten, lykas fesper-, rou- en troutsjinsten.Reliwiki, oproppen 14.09.2017Ryksmonuminten

Kategory:Gruttegast Kategory:Tsjerkegebou yn Westerkertier Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân