Geale' Sliepke, tsjintwurdich ek wol op 'e moderne wize Geales Sliepke neamd, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes.

Beskriuwing Geale' Sliepke wurdt beskôge as ien fan 'e bêst slagge gedichten fan Eeltsje Halbertsma, yn it foarste plak troch de wûndermoaie klankpatroanen yn it fers,, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526, s. 40. en teffens troch it idyllyske byld dat deryn sketst wurdt fan it Fryske plattelân.

It gedicht giet oer it jonkje Geale, dy't, nei't er temûk kersen gnobbe hat yn it hôf fan pake, op in sideplak yn it reid yn 'e sinne yn 'e sliep fallen is. Hy wurdt wekker makke troch in boartlik kealtsje en is dan earst rare kjel om't er mient dat pake ('oarreheit') him fûn hat. It fers einiget mei de moraal dat in kwea gewisse net te ûntrinnen is.

Tekst Geale' Sliepke

Yn pôpeslom bedobbe Lei Geale yn 't leavich reid; Hy hie de kersen gnobbe Yn 't hôf fan oarreheit

De pet oer 't holtsje hinne, En oer de eagen del; Want waarm wie de sinne, De brimzen stieken fel.

En oan in wyljenstobbe, Dêr hong syn baitsje oan, En oan it baitsje sobbe In tsjurre kealtsje oan.

De rûge holders sûzen Troch blomkes en troch krûd, En troch de stânen rûzen De simmertwirkes lûd.

De wettergulpen fleagen En gûlden yn 'e fljocht, En nei de terpen teagen De hoantsen yn 't gefjocht.

De skouwe teaperts songen De âlde lange team, En d' ekster wipt' mei sprongen, En gloep fan beam ta beam.

En Toon de seine harre Fier yn 't lege mêd, En Doeke mopke narre, Fan 't swyljen wurch en sêd. En kuozze yn 'e doeren, Dy haff'le yn 'e brij, Lei hymjend loai te poeren En joech de sinne frij.

En op 'e daam dêr blaaide In eike sêd en slûch, En oer de lânen waaide Sint-Janstried wyt en rûch.

Swiet yn 'e sliep fertize Wist boai fan nimmen kwea, As sêftkes him wat kize Oer holle, boarst en lea.

Hy gapp' en rekt' en sette Syn dôve skonkjes út, As by de noas him fette In kâlde keallesnút.

"Hoei!" skrille er, "Oarre, oarre!" En sprong hast út it fel, En seach no as in bloarre Op 't earme kealtsje del.

Och, Geale' wroechwjirm kneage; 't Wie oeral: "Oarreheit!" Hy waard der jit troch pleage Bedobb' yn 't leavich reid.

Krûp yn in syd'ne wrine, 't Kwea lit dy nearne rêst; Do kinst it net ontwine: It fret dy, sliep en rêst.

Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1829