The Last Light of the Sun is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "It Lêste Ljocht fan de Sinne", en ferwiist nei de westlike râne fan 'e (bekende) wrâld, dêr't it ferhaal spilet, en dêr't yn 'e optyk fan 'e haadpersoanen de sinne it lêst skynt. The Last Light of the Sun heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin 'e eftergrûn fan in trijetal fiktive lannen dy't dúdlik op Midsiuwske foarmen fan Ingelân (of om persiis te wêzen it Keninkryk Wesseks), Wales en Skandinaavje basearre binne. It boek waard yn 2004 publisearre troch de útjouwerij Simon & Schuster. Yn 2005 waard de The Last Light of the Sun nominearre foar in Sunburst Award.

Ferbân mei oare wurken fan Kay Kay lit The Last Light of the Sun spylje yn deselde wrâld dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Lions of Al-Rassan, Under Heaven, River of Stars en Children of Earth and Sky.

Hoewol't The Last Light of the Sun folslein op himsels stiet, komt der in keapman út Al-Rassan yn foar, en wurdt yn in petear tusken kening Aeldred en Ceinion fan Llywerth in tekst oer genêskunde neamd dy't skreaun is troch Rustem fan Esperaña, in personaazje út Lord of Emperors, wylst Aeldred ek fertelt dat er as bern mei syn heit Batiara (Itaalje) besocht hat, dêr't er yn in bygebou fan in hillichdom yn Varena (Ravenna) twa mozaïken sjoen hat fan it Keizerlik Hof fan Sarantium (Byzantium). Dit binne dúdlik de beide mozaïken dy't Crispin fan Varena dêr oan 'e ein fan Lord of Emperors makke.

Om in byld fan de pleatsing yn 'e tiid te jaan: as de tekst fan Rustem fan Esperaña op 't aljemint komt, wurdt der sein dat Rustem goed trije iuwen lyn libbe. Fierders wurdt út de ferwizings nei it Kalifaat Al-Rassan (basearre op it Moarske Andalûsje) ek dúdlik dat The Last Light of the Sun spilet foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Lions of Al-Rassan, dy't de ein fan it kalifaat beskriuwe.

Eftergrûn The Last Light of the Sun spilet yn in Midsiuwsk dekôr oan 'e westlike râne fan 'e (bekende) wrâld, yn in gebiet dat basearre is op Noardwest-Jeropa en Skandinaavje. Dêr wenje de Anglcyn (basearre op 'e Angelsaksen) en de Cyngael (basearre op 'e Welsen), dy't jaddisten (basearre op 'e kristenen) binne en de Sinnegod Jad (God) ferearje, en de Erlingen (basearre op 'e Wytsingen), dy't noch heidens binne en as wichtichste goaden Ingavin (Odin) en Thünir (Thor) hawwe. Oare religyen, ntl. dy fan 'e ashariten (moslims) en de Kindath (joaden) wurde neamd, mar spylje yn dit boek gjin rol fan betsjutting. Fierders binne Inkele personaazjes basearre op histoaryske figueren, lykas kening Aeldred fan 'e Anglcyn, dy't oerdúdlik in fiktive foarm fan Alfred de Grutte is, wylst de geastlike Ceinion fan Llywerth, út 'e lannen fan 'e Cyngael, fuorkomt út 'e histoaryske biskop Asser.

Haadpersoanen de Anglcyn Aeldred, kening fan 'e Anglcyn Elswith, syn (tige fromme) keninginne Athelbert, syn âldste soan en erfgenamt Judit, syn eigensinnige âldste dochter dy't úthylke wurde sil oan 'e kroanprins fan Rheden (basearre op it Keninkryk Mersia) Kendra, syn yntroverte jongere dochter Gareth, syn jongste soan, in lêzer fan boeken Osbert, soan fan Cuthwulf, Aeldred syn freon en seneskalk Burgred, greve fan Denferth, Aeldred syn freon en de kommandant fan syn leger

de Cyngael Ceinion fan Llywerth, hege geastlike fan 'e lannen fan 'e Cyngael, yn syn skreaune wurken 'Cingalus' neamd Alun ap Owyn, jongste soan fan prins Owyn fan Cadyr Dai ap Owyn, syn âldere broer en harren heite erfgenamt Gryffeth ap Luth, syn neef Cafall, syn hûn Brynn ap Hywll fan Brynnfell yn Arberth, byneamd 'De Flok fan 'e Erlingen', oarlochslieder fan 'e Cyngael dy't de Volgan deade yn in twagefjocht by de see Enid, syn frou Rhiannon mer Brynn, syn dochter Eirin, Helda en Rania, Rhiannon har tsjinstfammen Siawn, oanfierder fan Brynn syn eigen troep krigers

de Erlingen Thorkell Einarson, byneamd Reade Thorkell, dy't earder mei de Volgan fear, no foar moard ferballe fan it eilân Rabady Frigga, syn frou, nei syn ferballing as twadde frou oan Halldr Tinskonk jûn Bern Thorkellson, syn soan, dy't trije jier as feint bodzje moat by wize fan straf foar syn heite misdie Siv en Anthira, syn dochters, al lang troud en feilich op it fêstelân fan Vinmark Iord, de sjenneresse fan Rabady, yn it frouljushûs op 'e útein fan it eilân Anrid, in jongfaam dy't as tsjinster yn it frouljushûs libbet en wurket Halldr Tinskonk, foarhinne gûverneur fan Rabady, no ferstoarn Sturla Ulfarson, byneamd Sturla Ienhân, de hjoeddeiske gûverneur fan Rabady Carsten Friddson, in hierling fan Jormsvik Garr Hoddson, in hierling fan Jormsvik Brand Leofson, in hierling fan Jormsvik Guthrum Skallson, in hierling fan Jormsvik Gurd Thollson, in hierling fan Jormsvik Thira, in prostituee bûten de muorren fan Jormsvik Kjarten Vidurson, dy't regearret yn Hlegest mei plannen hiele Vinmark ûnder syn bewâld te bringen Siggur Volganson, byneamd 'de Volgan', ferneamd oerfaller en plonderder fan plakken oersee, goed 25 jier lyn yn in twagefjocht yn 'e lannen fan 'e Cyngael deade troch Brynn ap Hywll Mikkel Ragnarson, syn pakesizzer, dy't út is op wraak foar de dea fan syn pake Ivarr Ragnarson, syn pakesizzer, in lichaamlik en geastlik misfoarme man Ingemar Svidrirson, dy't Gademar, de heit fan Aeldred, deade; no as fazal fan Aeldred regearjend yn Erlond Hakon Ingemarson, syn soan

oaren Firaz ibn Bakir, in keapman út Fezana yn it kalifaat Al-Rassan in nammeleaze elvinne, in skepsel fan 'e Healwrâld

Ynhâld Op it eilân Rabady, foar de kust fan Vinmark yn 'e lannen fan 'e Erlingen (basearre op 'e Wytsingen), is de jonge Bern Thorkellson alles kwytrekke nei't syn heit yn dronken razernij in oare man deasloech yn in kroech. Syn heit sels waard ferballe fan it eilân, alle besit fan it gesin waard yn beslach nommen, Bern syn mem Frigga waard as twadde frou jûn oan Halldr Tinskonk, de gûverneur fan it eilân, en sels is Bern foar syn heite misdie feroardiele ta trije jier bodzjen as feint yn 'e tsjinst fan dyselde Halldr Tinskonk. No't Halldr koartby stoarn is (troch sûnensproblemen dy't neat te dwaan hawwe mei Bern syn haat foar de man) beslút Bern op in nacht ympulsyf om út te naaien mei Gyllir, de prachtige swarte hynst fan Halldr Tinskonk, dy't no bedoeld is om offere te wurden by de kremaasje fan 'e eardere gûverneur.

It stellen wat feitliks in grêfgeskink is, wat liede kin ta in soad swierrichheden foar Rabady as it eilân teheistere wurdt troch de lulke geast fan Halldr Tinskonk, dy't by libben dochs al in neat te noflik man wie, is in slimme misdie. Bern beseft dat er it libben der net fan ôfrêde sil as er pakt wurdt, en dêrom moat er sjen dat er fan it eilân ôf komt. Hy beslút nei it frouljushûs op 'e útein fan it eilân te gean en help te freegjen oan 'e âlde sjenneresse, Iord. Dyselde makket lykwols misbrûk fan 'e sitewaasje troch him, sabeare as ûnderdiel fan in ritueel dat him ûnsichtber meitsje moat, seksueel te misbrûken.

As Bern it frouljushûs ferlit mei as doel om, ûnsichtber as er no is, nei de haven fan Rabady te riden en dêr oan board te gean fan in skip út Al-Rassan dat him nei it fêstelân bringe sil, wurdt er oansprutsen troch Anrid, in fanke dat as tsjinneresse yn it frouljushûs libbet en wurket. Behalven dat Iord har tige min behannelet, is har broer op it fêstelân mei Bern syn suster Anthira troud, dat se binne hast famylje. Dêrom fertelt se Bern dat de sjenneresse him foarliigd hat: hy is hielendal net ûnsichtber en sadree't er de haven binnenriidt, sil er oppakt wurde om terjochtsteld te wurden. Neitiid sil Iord fertelle dat sy dejinge is dy't derfoar soarge hat dat hy pakt wurde koe, sadat se in wyt fuotsje helje kin by de nije gûverneur, Sturla Ulfarson. As Bern dat heart, fielt er him goed stom dat er ea de sjenneresse leaud hat. Ynstee fan nei de haven te gean, riidt er Gyllir op it strân deunby it frouljushûs de see yn om te besykjen en swim nei it fêstelân ta.

Om dyselde tiid hinne reizget oare kant de see, yn 'e lannen fan 'e Cyngael (basearre op 'e Welsen), de jonge prins Alun ap Owyn mei syn âldere broer Dai, harren neef Gryffeth ap Luth en in achttal oare jongemannen, út it prinsdom Cadyr nei it oanbuorjende prinsdom Arberth, dêr't se fee stelle wolle, sa't de jongemannen út 'e trije prinsdommen fan 'e Cyngael dat fan âlds byinoar dogge. Djip yn Arberth is Gryffeth lykwols pakt troch de bewenners fan in grutte boerepleats, en wylst Alun en Dai de gebouwen bespionearje om te betinken hoe't se him befrije kinne, komt immen har oer it mad. It docht bliken dat it Ceinion fan Llywerth is (basearre op Asser), de hege geastlike fan alle lannen fan 'e Cyngael, dy't allinnich ûnderweis is nei it hûs fan syn freon Brynn ap Hywll, in oarlochsheld út 'e striid tsjin 'e ynfallen fan 'e Erlingen. Hy fertelt de beide prinsen dat de pleats dy't se op it each hawwe, Brynnfell is, de wente fan Brynn ap Hywll. Alun en Dai beseffe dat se foar in grutte flater behoede binne, want as se by nacht Brynnfell oanfallen wiene, sa't se fan doel wiene, dan wie dat harren perfoarst raar bekommen en wiene der grif in soad deaden fallen.

Ceinion nimt Alun- en Dai-en-dy mei nei Brynnfell, dêr't er harren yntrodusearret as syn eskorte (wêrmei't er trouwens nimmen foar de gek hâldt, mar sa komt eltsenien der sûnder gesichtsferlies fanôf). Dai falt as in blok foar Rhiannon, de tsjeppe dochter fan Brynn ap Hywll, mar as Alun dy jûns foar it selskip sjongt wylst er himsels begeliedt op 'e harpe, rekket Rhiannon fereale op him. Let op 'e jûn stjoert Rhiannon ien fan har tsjinstfammen om te freegjen oft Alun, Dai en Gryffeth yn har fertrekken komme wolle, sadat Alun foar har sjonge en spylje kin. Dai beseft dan wat der bard is, en giet ynstee út 'e hûs, krekt op it stuit dat Brynnfell oanfallen wurdt troch in groep Erlingen ûnder lieding fan 'e bruorren Mikkel en Ivarr Ragnarson. Dyselden binne út op wraak foar de dea fan harren pake Siggur Volganson, byneamd de Volgan, dy't in fearnsiuw earder yn in twagefjocht by de see troch Brynn ap Hywll deade is.

Yn 'e striid dy't folget, komt Dai ap Owyn om. Alun ap Owyn, Gryffeth ap Luth en Siawn, de lieder fan Brynn syn krigerstroep, ferdigenje de frouljusfertrekken en twinge ien fan 'e beide Erlingen dy't dêr nei binnen krongen is, in âldere readhierrige man, ta oerjefte. Dat blykt Thorkell Einarson te wêzen, Bern syn heit, dy't foarhinne ien fan 'e selskipslju fan 'e Volgan wie, en dy't him no, yn ballingskip, by de pakesizzers fan syn deade freon jûn hat, lang nei't er tocht hie foar it lêst op plondertocht west te hawwen. Thorkell hie him nei de dea fan 'e Volgan oerjûn oan 'e Cyngael en wist nei ferrin fan tiid út te piken en dwers troch de lannen fan 'e Cyngael en de Anglcyn nei hûs ta te ûntkommen. Hy is derfan oertsjûge dat er ek in twadde kriichsfinzenskip oerlibje kin. As de oare, jongere Erling Rhiannon mer Brynn yn gizeling nimt en har om hals driget te bringen, deadet Thorkell him troch syn kriichshammer te smiten, om't er net troch oarmans stommiteiten sels dea wol. Underwilens is de oanfal ôfslein; de Erlingen hiene der net op rekkene dat der safolle Cyngael-krigers op Brynnfell oanwêzich wêze soene. Mikkel Ragnarson wurdt deade troch Brynn sels, mar dêrnei rêdt Thorkell it libben fan Brynn en dy syn frou Enid troch mei in skyld in mei fergif ynsmarde pylk op te fangen dy't út 'e fierte wei ôfsketten is Mikkel syn broer Ivarr. Lykwols wegeret er te fertellen wêr't de skippen lizze dêr't de Erlingen mei arrivearre binne, om't dat it ferrieden fan reismaten wêze soe. Brynn, dy't alhiel breinroer is, wol him dêrfoar deadzje, mar syn frou Enid wjerhâldt him dêrfan en rêdt Thorkell it libben om't er harres en dat fan har dochter rêden hat.