Willem Harmsma (Hasselt, 30 septimber 1913 – Amsterdam, 11 novimber 1966) wie in Nederlânsk boargemaster en politikus.Famylje-argyf Harmsma
Libben en wurk Harmsma wie in soan fan Oebele Harmsma en Jannetje Swaan. Heit waard berne op De Himrik, waard learaar yn Dokkum en letter skoalhaad yn Hasselt. Yn 1938 boaske Harmsma oan Greta Cornelia Otten (1909-1984).
Harmsma gie nei de HBS en wurke dêrnei as folontêr by de gemeente Hasselt en as amtner by de sekretary fan de gemeenten Borger (1933-1935) en Vriezenveen (1935-1937). Fan 1937 oant 1947 wie er adjunkt-direkteur fan de Verenigde Uitgeverijen Gemeente Administratie yn Foarburch.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Harmsma warber yn it ferset."Opsterland's nieuwe burgemeester", De Heerenveensche koerier, 6 novimber 1947"De nieuwe Burgemeester van Opsterland", Nieuwsblad van Friesland, 10 novimber 1947 Nei de befrijing waard er lid fan de need-gemeenteried fan Foarburch en dêrnei wethâlder fan finânsjes en loko-boargemaster. Per 1 desimber 1947 waard er beneamd ta boargemaster fan Opsterlân, dêr't syn pake en beppe ek wennen. Dêrnjonken wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en foarsitter fan de PvdA-fraksje.
Op 16 april 1966 waard Harmsma boargemaster fan Ljouwert. Sân moanne letter, op de weromreis fan in gearkomst yn De Haach, krige er yn Amsterdam in hertoanfal en stoar."Vannacht op doorreis van Den Haag: Burgemeester Harmsma in Amsterdam overleden", Leeuwarder Courant, 11 novimber 1966. Hy waard te hôf brocht yn syn wenplak Olterterp.
Portret De keunstskilder Sjoerd de Vries hat Harmsma portretearre.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Opsterlân List fan boargemasters fan Ljouwert
Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan Opsterlân Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1966