Globodera pallida is in soarte rûnwjirm yn de famylje Heteroderidae. It is bekend as in plantepatogen, benammen by ierdappels. It is ien fan de skealikste planteparasiten dy’t grutte skea oan gewaaksen docht, en it is in model-organisme dat yn de biology brûkt wurdt om syste-ieltsjes te bestudearjen.Cotton, J. A., et al. (2014). The genome and life-stage specific transcriptomes of Globodera pallida elucidate key aspects of plant parasitism by a cyst nematode. Genome Biology 15 R43. De mienskiplike namme omfiemet de ierdappel syste nematoade, wite ierdappel syste nematoade, bleke ierdappel syste nematoade, ierdappel woartelwjirm,Globodera pallida. Invasive Species Compendium. CABI. gouden nematoade,Globodera pallida. nematode.net. Washington University in St. Louis. en bleke syste nematoade.Pale Cyst Nematode, Globodera pallida. Invasive Species Factsheets, Michigan State University.
It wyfke hat in globefoarmich liif mei in tsjokke, kant-eftige opperhûd. It hâldt de aaikes yn it liif yn stee fan se te lizzen, en wurdt brunich as it dea giet.Globodera pallida. Nemaplex. UC Davis. Revised 2013. It wyfke is wyt oant krêmkleurich. Globodera rostochiensis sjocht der itselde ut mar it wyfke is in stik fan it libben gielich.
It mantsje hat in wjirmfoarmich liif yn de foar fan in C of S.
Dit wjirmke waard sjoen as lânseigen foar de Andes. Tsjintwurdich wurdt it oantroffen yn 55 lannen, meast yn tuskenbeide klimaten. De mikroskopyske wjirmkes binne taai en kinne oerlibje yn boaiemdieltsjes, dy’t oer de wrâld ferfierd wurde mei (boere)ark en yn streamend wetter. Se binne benammen ferspraat troch ierdappels, dy’t út Súd-Amearika wei yn de rest fan de wrâld ymportearre waarden. Se kinne ek libje op oare gewaaksen, lykas de tomaat en aubersjine, en in protte túchsoarten, lykas hûnebei (Solanum nigrum).
De jonge nematoaden aardzje op de woartels fan de plant. Aaien ûntwikkelje har yn de wyfkes nei befruchting, en as de wyfkes stjerre wurde it systes dy’t de ripe aaien beskermje. De aaien yn de systes kinne wol 30 jier libbensfetber bliuwe. De systes komme los fan de woartels en sakje yn de grûn dêr’t se ferspraat wurde kinne troch boaiemaktiviteiten. In oantaaste plant wurdt gielich, ferwylget en ferliest it blêd.
Dizze nematoade is in slim ferfelende agraryske pest, benammen yn Jeropa. Allinnich al yn it Feriene Keninkryk feroarsaket it ekonomyske ferliezen fan £50 jiers. Der binne regels opsteld foar de bêste wize fan buorkjen om de wjirm te bestriden. De beweging fan boaiemdieltsjes en ierdappels oer nasjonale grinzen hinne wurdt kontrolearre mei karentênes. Boere-ark wurdt himmele, grûn wurdt test op nematoaden, fersmoarge grûn mei net oer it lân brocht wurde, en resistinte kultivars fan gewaaksen wurde ôfwiksele mei gefoelige rassen om de mooglikheid op te kearen dat in mear firulint wjirmke ûntstean sil troch seleksje.
Dit wjirmke wurdt hjoeddedei sawat wrâldwiid oantroffen, mar bliuwt foar it grutste part yn de Feriene Steaten troch strange karentênes. In útsûndering isin útbraak yn Idaho yn 2006. Nei ûntdekking fan dizze útbraak, ferbea Japan de ymport fan ierdappels út de Feriene Steaten foar meardere jierren.
Kategory:Plantesykte Kategory:Rûnwjirmsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Eksoat yn Abgaazje Kategory:Eksoat yn Albaanje Kategory:Eksoat yn Andorra Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Armeenje Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Azerbeidzjan Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Eksoat yn Bulgarije Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Estlân Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Finlân Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Georgje Kategory:Eksoat yn Gibraltar Kategory:Eksoat yn Grikelân Kategory:Eksoat yn Guernsey Kategory:Eksoat yn Hongarije Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Eksoat yn Jersey Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Kazachstan Kategory:Eksoat yn Kosovo Kategory:Eksoat yn Kroaasje Kategory:Eksoat yn Letlân Kategory:Eksoat yn Lychtenstein Kategory:Eksoat yn Litouwen Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Madeara Kategory:Eksoat yn Malta Kategory:Eksoat yn Man Kategory:Eksoat yn Moldaavje Kategory:Eksoat yn Monako Kategory:Eksoat yn Montenegro Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Noard-Masedoanje Kategory:Eksoat yn Noarwegen Kategory:Eksoat yn de Oekraïne Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Roemeenje Kategory:Eksoat yn San Marino Kategory:Eksoat yn Servje Kategory:Eksoat yn Sibearje Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn Syprus Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Sloveenje Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Súd-Osseesje Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Turkije Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn Wyt-Ruslân