Tsjeintgum is in buorskip yn de gemeente Ljouwert. Tsjeintgum leit westlik fan Mantgum, oan de westkant fan it spoar fan Ljouwert nei Starum.
De namme komt ek foar as Tjeintgum, Szentinge, Shenthge, Ztientim, Ztentenghem en Szyntinge. Mooglik hâldt de namme ferbân mei 'ingi', in splyt of slinke.
Byldetún In part fan de bylden fan keunstner Hein Mader, dy't yn Eastenryk berne waard, stiet yn in byldetún dy't yn de buorskip leit.
Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings
Kategory:Mantgum Kategory:Buorskip yn Baarderadiel Kategory:Buorskip yn Littenseradiel Kategory:Buorskip yn Ljouwert (gemeente)