Curtiss C-46 Commando 250px Rol Transportfleanmasine,Passazjiersfleantúch Makker Curtiss-Wright Earste flecht 26 maart 1940 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst Beheind kommersjeel gebrûk Tal makke 3.181 (1940-1945) Grutste brûkers United States Army Air Forces, United States Air Force, United States Marine Corps, United States Navy Farianten
De Curtiss C-46 Commando is in transportfleantúch dat ôflaat waard fan de Curtiss CW-20, in ferkearstastel mei drukkabine ornearre foar it fleanen op grutte hichte. Yn 't earstoan waard it tastel wol oantsjut mei de namme 'Condor III', mar ier yn 1942 brocht it bedriuw it tastel yn de publisiteit mei de namme Commando.Aeronautical Engineering Review, 1942 Vol 1, p. 50. It tastel waard yn de Twadde Wrâldoarloch foar militêr transport brûkt troch de United States Army Air Forces en ek de F.S. marine/Marinekorps, dy't de oantsjutting R5C brûkten. De C-46 hie in likense rol as syn tsjinhinger fan Douglas, de C-47 Skytrain, mar der waarden lang safolle net fan boud. De C-46 tsjinne oan de fronten yn de Stille Oseaan en yn Jeropa.
Nei de oarloch waarden in lyts tal oerstallige C-46's koart skoft brûkt yn har' oarspronklike rol fan passazjiersfleantúch, mar koe de konkurrinsje mei de bulte oerstallige C-47s op de merk net oan, dat de C-46 waard rillegau alinne noch as frachtfleantúch brûkt. It type bleau yn in reserverol by de Amerikaanske Loftmacht yn tsjinst oant 1968.
De robúste C-46 bleau tsjinjen as frachtfleantúch oant yn de 21e iuw nei ôfhandige plakken, lykas it noardpoalgebiet (Alaska, it noarden fan Kanada en it reinwâld fan Kolombia en Bolivia.Love 2003, s. 46–47.
Technyske gegevens Gegevens C-46R Commando Type Passazjiers-/Frachtfleantúch foar middellange ôfstân Oandriuwing twa R-2800-34 Double Wasp18-sylinder-Dûbelestjermotors Propeller Trijeblêds Hamilton, Constant Speed'' Fermogen 2 x 2.130 hk Topfaasje 435 km/o op 3.048 m hichte; Tsjintsplafond 6.706 m Fleanberik 2.897 km Gewicht leech 13.290 kg Maks. startgewicht 22.680 kg Fleugelspanwiidte 32,92 m Langte 23,27 m Hichte 6,63 m Fleugeloerflak 126,16 m²
Keppelings om utens
Kategory:Amerikaanske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1940 Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Koreaanske Oarloch