thumb|Paul Huijts (2021) Paulus Hubertus Augustinus Maria (Paul) Huijts (De Haach, 25 maaie 1962) is sûnt augustus 2014 sekretaris-generaal fan it ministearje fan Algemiene Saken. Earder wie hy dêr riedsadviseur en topamtner op it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport.

Eardere funksjes Fan 1986 ôf wie Huijts amtner fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn 1996 naam er de direksjepost fan itselde ministearje oer, wêrnei't er yn 2000 riedsadviseur waard fan it ministearje fan Algemiene Saken.

Fan 2004 oant 2009 wie Huijts plakferfangend sekretaris-generaal fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, en tusken 2009 en augustus 2014 wie er dêr direkteur-generaal. Sûnt 18 augustus 2014 sit hy op it plak fan sekretaris-generaal fan it ministearje fan Algemiene Saken.

Boarnen Drs. P.H.A.M. (Paul) Huijts op Parlement.com

Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Sekretaris-generaal fan in Nederlânsk ministearje Kategory:Persoan berne yn 1962